Agamemnon (toanielstik)
Agamemnon, yn it oarspronklike Aldgryksk: Ἀγαμέμνων, Agamemnōn, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Aiskylos (±525-±455 f.Kr.). It is in trageedzje dy't ferhellet oer de thúskomst fan 'e Myseenske kening Agamemnon nei syn lang befochten oerwinning op 'e Trojanen yn 'e Trojaanske Oarloch, en oer syn dea troch de hân fan syn frou Klytemnêstra. Agamemnon heart ta de toanieltrilogy Oresteia, dêr't it it earste diel fan foarmet. Yn 'e mande mei de oare beide dielen dêrfan wûn it by de jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus yn 458 f.Kr. de earste priis. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma ferskynde yn 1993.
Agamemnon | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Ἀγαμέμνων | |
auteur | Aiskylos | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | 458 f.Kr. | |
1e opfiering | 458 f.Kr., Atene | |
rige | ||
rige | Oresteia | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Agamemnon | |
publikaasje | 1993, Aldemardum | |
útjouwer | eigen behear | |
oersetter | Klaas Bruinsma | |
ISBN oers. | gjint |
Ynhâld
bewurkje seksjeWylst Agamemnon, de kening fan Mysene, út te oarlogjen wie tsjin 'e Trojanen, hat er syn frou Klytemnêstra yn Mysene efterlitten. As er einlings en te'n lêsten thúskomt, bringt er de Trojaanske prinsesse Kassandra mei, dy't er as syn oanpart yn 'e oarlochsbút ta bysliep nommen hat. Klytemnêstra, dy't fan Agamemnon syn komst op 'e hichte brocht wurdt troch in wachter dy't se op in heuveltop stasjonearre hie om nei him út te sjen, hjit him wolkom as in leafhawwende en trouwe oarehelte. Hja besiket Agamemnon oer in poarperne loper it paleis yn gean te litten, sa't it in feroverder fan syn statuer past, mar hy skytskoarret der tsjinoan. It probleem is dat sok hâlden en dragen útlein wurde kinne soe as heechmoedich, en sa de goaden tsjin him yn it harnas jeie. Uteinlik lit er him (om redens dy't noch altiten ûndúdlik binne en ûnder saakkundingen ta ferheftige diskusjes liede) dochs oerhelje en giet er oer de loper yn 'e hûs.
Wylst Agamemnon en Klytemnêstra ôfgeane, wurdt Kassandra, dy't behalven in Trojaanske prinsesse ek in preesteresse fan Apollo is, ynienen beset troch har god. Earst slacht se wartaal út, mar stadichoan begjint har ûngearhingjend dwyljen te feroarjen yn in foarsizzend fizioen. Hja fertelt it koar, dat yn dit stik foarme wurdt troch in groep âldsten út 'e stêd, dat Agamemnon op it punt stiet om fermoarde te wurden, en dat sysels ek fermoarde wurde sil as hja him nei binnen ta folget. Hja giet mei it koar yn diskusje oer wat har te dwaan stiet, mar giet úteinlik dochs yn 'e hûs, om't dat no ienris har lot is. It koar bliuwt feralterearre en benaud efter, oant de deadsgjalp fan Agamemnon klinkt, en de koarleden panikerich begjinne te oerlizzen wat se no moatte.
Op in platfoarm wurde dan de ôfslachte lichems fan Agamemnon en Kassandra nei bûten ta rôle. Klytemnêstra, mei de bluodderige bile noch yn 'e hân, leit útdaagjend út wêrom't se har man fermoarde hat: oan 'e foarjûn fan syn ôfreis nei Troaje hie Agamemnon, om 'e goedgeunstigens fan 'e goaden oer syn ûndernimming ôf te smeekjen, harren dochter Ifigeneia offere; no is hysels op deselde manear deadien, mei trije bileslaggen, de lêste mank geand mei in gebed oan 'e goaden. Klytemnêstra kriget selskip fan Agamemnon syn neef Aigisthos, dy't ûnder de tsienjierrige ôfwêzigens fan Agamemnon har minner wurden is. Aigisthos is no de nije kening en hy stapt grutsk hinne en wer en sprekt it koar sa heechkroppich ta dat de koarleden suver slaande deilis reitsje mei him en syn liifwachten. Klytemnêstra leit lykwols it near op dy rûzje, mei te sizzen: "Der is al pine genôch. Litte wy no net bluodderich wurde." It stik einiget wylst it koar de beide usurpators yn 't sin bringt dat Orestês, de soan fan Agamemnon, sûnder mis mei gauwens weromkeare sil om wraak te nimmen.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeDe Fryske oersetting fan Agamemnōn ferskynde yn 1993 ûnder de titel Oresteia Diel I: Agamemnon fan 'e hân fan klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't letter ek ferantwurdlik wie foar de Fryske fertaling fan Homêros syn Ilias en Odyssee. Bruinsma brocht it toanielstik yn in boekje fan 35 siden yn eigen behear út. It is op te freegjen by Tresoar ûnder oanfraachnû. 10862 fr folio.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |