Ageeth Scherphuis
Alberta Geertruida (Ageeth) Scherphuis (Saandam, 30 maart 1933 – Amsterdam, 16 april 2012) wie in Nederlânsk sjoernaliste en programmamakster.
Ageeth Scherphuis | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Ageeth Scherphuis (1957) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Alberta Geertruida Scherphuis | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 30 maart 1933 | |
berteplak | Saandam | |
stoarn | 16 april 2012 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurkpaad | ||
wurksum as | programmamakster | |
medium | Telefyzje | |
wurksum by | AVRO |
Libben
bewurkje seksjeScherphuis folge de hotelskoalle en woe dêrnei sjoernalist wurde. Se wie trije jier stedsferslachjouster by De Typhoon yn har wenplak Saandam.
Yn 1956 folge sy Mies Bouwman op as tv-omropster by de AVRO. Lange jierren wie se it gesicht fan dy omrop en op 21 septimber 1967 wie se de earste omropster dy't yn kleur te sjen wie; Scherphuis hie foar dy gelegenheid in sitroengiele jurk oanlutsen. Fan 8 febrewaris 1958 oant 25 maaie 1960 spile se de rol fan tv-omropster Ageeth yn it bernetelefyzjeprogramma Varen is fijner dan je denkt, skreaun en regisearre troch Mies Bouhuijs, mei Piet Römer yn de haadrol as menear King, dy't mei syn skip 'De Krikkemikke' allerhanne aventueren meimakke. Oare personaazjes wienen de kokenhelp Zeefje (Cecilia Lichtveld), mefrou Gracia Morena (Sepha Dierikx), Lo Flodder (Leen Jongewaard) en Piet Römer syn twillingbroer, Paul Römer as menear Kong.
De santiger jierren makke Scherphuis it links-feministysk blêd Serpentine en in rige tv-programma's ûnder de titel "Ot.... en hoe zit het nou met Sien?". Dêrneist wie se redakteur fan Vrij Nederland; dat bleau se oant har pinsjoen.
Scherphuis wie troud mei de marinefleander Hans de Wolff, dy't 30 septimber 1959 foar de Nederlânsk kust op de hichte fan Noardwyk deadlik ferûngelokke mei in Hawker Seahawk FGA-50 (de F 61 fan squadron 860). Harren soantsje ferdronk in jier letter by harren wenboat yn Saandam.
Se ferstoar doe't se 79 jier wie. [1]
Bibliografy
bewurkje seksje- Bij de TV, handboek voor kijkers (1963)
- De vrouwenkliniek (2006, mei Anita van Ommeren)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |