Paul Römer (telefyzjeregisseur)
Paul Römer (Amsterdam, 2 april 1928 – Hilfertsom, 30 oktober 2007) wie in Nederlânsk kameraman en telefyzjeregisseur.
Paul Römer wie de twillingbroer fan akteur Piet Römer. Fan 1959 ôf wie er kameraman foar it telefyzjeprogramma Sport in Beeld. Koart skoft letter waard hy regisseur fan sportreportaazjes foar Sport in Beeld en letter Studio Sport. Hy wie ûnder oaren belutsen by biljertsje, fuotbal, hynstesport, TT Assen en de wrâldkampioenskippen foar fjouwerspannen. Hy arbeide in soad op mei ferslachjouwer Hans Eijsvogel. Paul Römer wie Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Paul Römer gong 1993 mei pinsjoen. Hy stoar yn de âldens fan 79 jier oan de gefolgen fan in longsykte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|