Agios Minas (Gios)

It Agios Minas-kleaster (Gryksk: Μονή Αγίου Μηνά) is in otterdoks kleaster op it eilân Gios, Grikelân. It kleaster leit likernôch 15 kilometer sûd fan Gios-stêd.

Agios Minas
Μονή Αγίου Μηνά
Katolikon.
Katolikon.
Lokaasje
lân flagge fan Grikelân Grikelân
plak Gios-Diefha
koördinaten 38° 18' N 26° 07' E
Kleastergegevens
denominaasje Gryksk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 16e iuw
oprjochter Neofytos Koumanos en syn soan Minas
patroanhillige Menas fan Aleksandrje
Ynformaasje bou
boujier 1572-1595
Webside
agiosminasxiou
Kaart
Agios Minas (Grikelân)
Agios Minas
 
In kast mei slachtoffers fan 'e Turkske moardnerij yn 1822 nei de ferovering fan it kleaster.

It kleaster waard nei de ferovering fan it eilân troch it Osmaanske Ryk yn 'e twadde helte fan 'e 16e iuw stifte troch Neofytos Koumanos en syn soan Minas. Oarspronklik is it in manljuskleaster, mar sûnt 1932 wenje der nonnen.

Op tongersdei 30 maart 1822 lei in Turkske float oan op it eilân om wraak te nimmen foar de Grykske opstân tsjin it Osmaanske gesach. Foar de ynwenners fan Gios betsjutte dat plonderjen, brânskatting en bloedferjitten. De ynwenners ferlieten harren brânende stêd en sochten heil yn 'e doarpen en kleasters fan it eilân. Op saterdei 1 april waard ek it Agios Minas-kleaster troch de Turkske troepen oanfalllen. Yn 'e nacht nei Peaskesnein sloegen de Turken gatten yn 'e muorren en waard it kleaster oermastere. Alle ynwenners dy't op dat stuit net yn 'e katolikon wiene waarden fuort deade. It slagge de Turken ynearsten net om yn de ôfsletten, grôtfolle, katolikon te kommen, mar nei't hja in diel fan it dak wisten te iepenjen, smieten de Turken baarnende doeken yn 'e folle tsjerke om de minsken dêr libben te ferbaarnen.

Tsjintwurdich binne op de flier fan de katolikon noch jimmeroan de spoaren fan 'e tragedy ôf te lêzen op 'e troch bloed en ferbaarnd fleis ferkleure tegels. Likernôch 3000 minsken binne yn it kleaster troch de Turken fermoarde. Yn in ossuarium fan it kleaster wurde de fynsten fan 'e resten fan 'e slachtoffers yn kasten bewarre.

Ek de ierdskodding fan 1881 brocht skea oan 'e tsjerke en kleastergebouwen. Oant 1892 fûnen restauraasjes en rekonstruksjes plak. Op 'e fûneminten fan 'e âlde katolikon waard in nije boud, wylst de flierren bewarre bleaune.[1][2][3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: