De Agraryske Skou is in agraryske fakbeurs op De Jouwer. De beurs wurdt tagelyk mei Jouster Merke hâlden op de fjirde tongersdei fan septimber. Op de fakbeurs yn de iepenloft yn park Heremastate steane mear as hûndert standhâlders.

Agraryske Skou

Troch de meganisaasje rûn de hynstemerk op De Jouwer werom. De earste Agraryske Skou begûn op 24 septimber 1953 op it lân foar de pleats fan J.Y. Kornelis, foar de Jouster Wettertoer oer. Op it terrein mei de yngong oan de Skien stiene lânboumasines en oar boere-ark. It terrein wie lykwols wiet en dridzich. Dochs kamen der hast trijetûzen minsken dy’t in kwartsje yntree betellen.

Foar it organisearjen fan de twadde edysje waard in kommisje oprjochte mei de foarsitter fan Pleatslik Belang//VVV Frits van Hulzen. Yn 1955 waard de skou foar de earste kear hâlden op de oprydleane fan Heremastate. Yn 1956 wiene der 37 standhâlders mei produkten as houten kroades, trekkers, healaders en greppelfrezen. De Skou wie doe noch in los ûnderdiel fan Jouster Merke. Neist de Agraryske Skou wie der doe in sakebeurs en in moadesjo.

De gemeente Haskerlân stelde 1975 in Sulveren Jirpel (Ned.: Zilveren Pieper) beskikber foar de bêste presintaasje. Dy waard yn it earste jier wûn troch de firma Hollema fan Eastermar en yn 1976 Akkerman út Rotsterhaule en in jier letter troch Bakker ut Warkum. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: