Park Heremastate
Park Heremastate, yn de folksmûle de Pörte, is in park op De Jouwer, gemeente De Fryske Marren, dat oanlein waard as tún fan Heremastate. Nei de oankeap fan Park Heremastate troch de gemeente Haskerlân yn 1940, waard it park iepenbiere romte en foar eltsenien tagonklik.
Yn it easten grinzet Park Heremastate oan de Midstrjitte. Dy leit yn it ferlingde fan de steatige oprydleane fan it park. Oan de noardkant waard it park oant koartlyn omsletten troch de Griene Dyk en de Sylroede (efter de Jouster slûs). No leit der tusken Heremastate en de Griene Dyk in trochgongshaven. Oan de westkant waarden de grientetúntsjes fan it park oant ein tweintichste iuw troch de Jonkersleat omseame. De Jonkersleat dêr en de grientetúntsjes binne opoffere foar de oanlis fan in opberchhaven foar leden fan J.W.S. De súdkant grinzet oan in restant fan de Boeresingel en oan natoerterrein De Famberhorst.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1466 stie op dit plak al in stins mei in grêft der omhinne. De stins waard yn 1580 ôfbrutsen. Yn de Tachtichjierrige Oarloch waard dêr 1589 in ferdigeningsskâns oanlein. Om 1625 hinne waard op it steed fan de âlde stins in state setten.
Om 1670 hinne waard troch Egbert fan Baerdt in nij ûntwerp fan state en hôvingen makke. Dy plannen waarden yn de rin fan 1670 útfierd. Yn 1689 waard in nije state boud. Omdat der rjocht fan oerpaad bestie, waard der in poartegebou boppe it oerpaad boud. De poarte is allang ferdwûn, mar âldere bewenners fan De Jouwer neame Park Heremastate no noch de Pörte.
Yn 1848 waard it hûs wer ferboud en krige it pân in lanliker oansjen. Yn dyselde tiid hat túnarsjitekt Roodbaard bydroegen oan it ûntwerp fan in Ingelske lânskipstún by state. De oarspronklike foarmen fan dat ûntwerp binne hjoed de dei noch te sjen. It park hat in soad âlde beammen, sa as knotte linebeammen, bûken en iken. Begjin 20e iuw waard it hûs opnij ferboud en fan 1910 oant 1922 wie it in sanatoarium (sjoch ek Beatrixoard). Yn 1924 waard it wer in wenhûs en waard it wengedielte lytser makke.
Doe't De Jouwer yn 1466 flekkerjocht krige, wie Tyepke Onema de besitter fan de stins. Fan 1679 oant 1940 bleau de famylje Vegelin van Claerbergen yn besit fan de state.
Yn 1940 is de state en it park troch de gemeente oankocht. Yn 1950 waard it gebou as gemeentehûs yn gebrûk nomd. Nei dy nije bestimming waarden de needsaaklike feroarings dien, wêrby't de grêft dimpt waard, de toer ôfbrutsen en kaam der nijbou oan de besteande state.
De Berch
bewurkje seksjeIt park sels is troch de iuwen hinne faak feroare. Yn de rin fan de 18e iuw is grif de ierden berch opsmiten mei dêrop in simmerhúske. Dêrwei koenen de bewenners in hiel ein sjen. Dy hichte bestiet noch en wurdt yn de folksmûle noch altiten 'berch' neamd. It simmerhûs is der al lang net mear.
Yn de berch is destiids in kuolkelder makke. Yn de wintermoannen waarden stikken iis út de parkfiver helle en yn de kelder brocht wêrtroch't de romte yn de simmermoannen koel bleau.
Begjin fyftiger jierren waard op de berch in loftwachttoer boud. It bouwurk wie fan it type 8 en wie fyftjin meter heech. It wie yn de tiid fan de Kâlde Oarloch doe't in dekkend netwurk boud waard om fijanlike fleantugen te sinjalearjen. De toer waard bemanne troch frijwilligers. De measte loftwachttuorren yn Nederlân waarden tusken 1952 en 1955 boud, yn hiel Nederlân stiene 276. Doe't de KLD opheft waard binne de measte tuorren geandewei ôfbrutsen. De Jouster toer waard omtrint 1962-1963 ôfbrutsen.
Untwikkeling fan de parktún troch de iuwen hinne
bewurkje seksjeFormele oanlis foar 1800
bewurkje seksjeUnder it behear fan Hessel Vegelin fan Claerbergen (1655-1715) waard yn 1680 begûn mei de oanlis fan in grutte formele parktún. Yn de jierren dêrnei waard it park mear as ien kear yngreven feroare. Benammen de wetterpartijen waarden in tal kearen fergroeven en tichtsmiten. De formele oanlis begûn oan de ein fan de santjinde iuw mei it graven fan in grêft om it hûs en park. Yn it ûntwerp oerhearskje de geometryske foarmen, benammen de wetterfoarmen. In wichtich ûnderdiel fan de formele oanlis is de oprydleane fan 270 mei oan beide kanten linebeammen. Oan de súdwestlike kant fan de leane leit in berch mei boppe-op in simmerhúske (belvedêre) as útsjochpunt. It hûs oan de noardeastlike kant fan de oprydleane stiet yn direkte ferbining mei in rjochthoekige fiver.
Nei 1690 waarden in soad feroarings dien. Op in kaart fan 1691 binne losse fivers tekene. Op in oare kaart út 1702 binne de measte losse fivers tichtsmiten en is de grêft ferlein. Op in kaart út 1708 binne ek de lêste fivers dimpt en de grêft yn súdwestlike rjochting fergrutte, wêrtroch't in byld fan in Grand canal ûntstie.
In tekening út 1711 fan Johan, de soan fan Hessel, toant in sydoansjoch fan it simmerhúske. Nei it ferstjerren fan Hessel Vegelin van Claerbergen, kaam it lângoed yn besit fan soan Johan Vegelin fan Claerbergen (1690-1773). Under it behear fan Johan kamen meardere wizigingen ta stân. Bewarre bleaune plattegrûnen fan lânmjitter Willem Loré út 1715 en 1716 toane dy feroarings oan. Op in kaart út 1715 is te sjen dat rûne foarmen ferfongen waarden troch geometryske foarmen. It meast opfallend wie de oanlis fan in 270 meter lange oprydleane yn it ferlingde fan de Midstrjitte. Oan beide siden waarden beammen oanplante. Ek yn oare stikken fan it park waarden beammerigen oanplante om it formele karakter te fersterkjen. In sitewaasjekaart út 1735 lit sjen hoe't it park yn de tuskenlizzende tiid ûntwikkele is.
Om 1720 hinne waard it âlde hûs ôfbrutsen en it nije hûs foar de spegelfiver boud, wêrtroch't der binnen de oanlis twa tunen ûntstiene. Oars as de measte Fryske staten, waard dizze net oan de ein fan de oprydleane boud, mar healwei oan de noardlike sydkant fan de leane.
Ier lânskiplike oanlis 1800-1817
bewurkje seksjeYn de njoggentjinde iuw waard it park wer drastysk feroare. Valerius Lodewijk Vegelin van Claerbergen (1774-1844) wenne wyls op Heremastate. Under syn bewâld waard de formele tún feroare yn in lânskipspark dêr't rûne foarmen dominearren yn it padestelsel. Op de berch kaam in pyramide en it simmerhúske waard ferfongen. By de earste ûntwerpskets waard oanjûn: Echte Tekening Van de plantage achter de Berg met de loop van ’t water daarin op ’t Smalst circa 10 voetenbreed, op ’t breedst klein 30 voeten of 20 na verkiezing. N.B. op de Hoeken & in ’t Bosch Sparren bij ’t water treurwilligen & Italiaanse populieren. Bij de bruggen de grond aan de Eene kant laag Aan de Andre kant de grond Hoog. Bekend is dat Zocher jr. yn dizze jierren ek de stedswenning mei tún op de Nijstêd 150 yn Ljouwert oanlein hat. Mooglik wie er ek belutsen by de tún fan Heremastate. Arsjitekt fan it hûs Heremastate wie yn dizze tiid de Ljouwerter stedsarsjitekt Van der Wielen.
Let lânskiplike oanlis nei 1817
bewurkje seksjeYn de perioade 1828-1832 makke Lucas Pieters Roodbaard (1782-1851) in ûntwerp foar de nije oanlis. Hy wie ek belutsen by de útfiering fan de nije oanlis dy't yn 1832 út ein sette. De fiver by de yngong fan it park waard sa fergroeven, dat der optimaal sicht kaam út it hûs wei op it wetter. Tusken 1834 en 1839 kamen der mear ferfraaiings fan it park neffens it Roodbaardûntwerp. Oer de fivers kamen in Sineeske en in houten brêge. Mei it fergraven fan de fivers waarden hichteferskillen yn de wâlen makke. By de grutte fiver waard in grot oanlein.
Nei 1839 kamen der noch in tal oanpassings. Sa waard de formele berch ôfgroeven en yn lânskipsstyl werom brocht. Boppedat waard der in iiskelder ûnderyn de berch makke. De berch krige ek in wichtige funksje yn it stelsel fan sichtlinen op de omlizzende omjouwing. Yn de jierren 1845 en 1846 waarden in soad beammen oanplante troch de Jouster firma fan Wybren Krijns, wêrûnder swiere iken en in soad jonge iken. Nettsjinsteande dat de lânskipsstyl oer in oantal jierren yn fazen útfierd waard, bleau it park in ienheid mei in slingerjend padestelsel tusken de sichtlinen wêrtroch't it park optimaal ta syn rjocht kaam. Yn 1878 waard it park ferneamd om syn wetterpartijen, heech opgeande beammegroepen en griene gersfjilden. Nei de oanlis fan in hartekamp kaam der yn 1891 in blommekas, de lettere oranjery.
Tweintichste iuw
bewurkje seksjeYn de tweintichste iuw waard de oriïntaasje fan Heremastate feroare. De leane waard yn 1988 nuij oanplante. Der stiet in tal jierren noch in obelisk. Yn 1952 waard de muzykkoepel boud. Yn 1960 kaam op inisjatyf fan Pleatslik Belang in foliêre yn it park mei meast tropyske fûgels.[1]
It park is yn de santiger en tachtiger jierren fan de tweintichste iuw omkomd as feest- en eveneminteterrein om it iepenloftteater. Ek troch de jierlikse Agraryske Skou hie de natoer slim te lijen. Yn 1988 liet de gemeente Skarsterlân in renovaasjeplan ûntwikkelje, om it park yn de takomst syn âlde alluere werom te jaan. It presintearre plan soe in kealslach ûnder de iuwenâlde beammen betsjutte. Foar in soad minsken gie dy drastyske kap fierstente fier. De yn 1987 oprjochte stifting Freonen fan Heremastate kaam yn ferwar. Der waard in ludike aksje op tou setten wêrby't de bedrige beammen opfallende linten krigen. Dy aksje soarge foar in soad publisiteit, wêrnei't de gemeente besleat om in harksitting oer it plan te hâlden. Op dy sitting rûnen de emoasjes sa heech op, dat de gemeente besleat om it hiele plan yn te lûken.
Der kaam in nij plan mei as útgongspunt, stadige renovaasje fan it park en ferjonging fan beammen en ûnderbegroeiing. Sûnttiids is de ferwaarloazing fan it park gewoan trochgien wêrnei't de stifting Freonen fan Heremastate yn 1993 besleat om in brânbrief nei de gemeente te stjoeren. Dêrnei binne positive ûntwikkelings op 'e gleed komd: deasike beammen binne weihelle en 46 jonge linebeammen binne as ferfanging fan de rûge eksimplaren oan de oprydleane plante.
Freonen fan Heremastate
bewurkje seksjeNeist de yn 1987 opjochte stifting "Freonen fan Heremastate" wie der noch in groepearring "Hâld Skarsterlân Moai" aktyf. Dy wiene dwaande mei ek oare natuerhistoarysk monuminten yn de gemeente Skarsterlân dwaande. Beide groepen krigen in sit yn meardere klankboerdgroepen. Yn 2009 waarden de krêften bondele wat op 19 novimber 2009 resultearre yn de oprjochting fan de feriening 'Moai Skarsterlân'.
Natoer
bewurkje seksjeStinzefloara
bewurkje seksjeDe oait sa rike stinzefloara fan it statige park hat de lêste desennia bot te lijen hân troch ûnder oare bouaktiviteiten yn it lânguod. Ek troch it hâlden fan iepenlofteveneminten is in diel fan de stinzefloara ferdwûn.
Fan guon soarten binne yn de iere maityd noch mar in pear eksimplaren oer, lykas holwoartel en it maitydsklokje. Stinzeplanten as it liderke en de krokus soargje mei hûnderten dochs noch foar in fleurich blommekleed.
Soarten dy't noch yn it park foarkomme, binne ûnder oare it liderke, maitydsklokje, ier helmkrûd, holwoartel, krookje, anemoan, wylde tulp, grutte gersstjer, njirrewoartel en dûbele boskanemoan.
Fûgelsoarten
bewurkje seksjeIn soad fersteuringen yn en om it park (troch ûnder oare, eveneminten by it iepenloftteater, bouaktiviteiten en fandalisme hawwe der ta laat, dat de ea sa rike fûgelstân drastysk efterút gong is. De roekekoloanje yn de hege krunen fan de âlde beammen hat blykber nearne lêst fan en dijt noch allegeduerigen út.
Ekologyske ferbining
bewurkje seksjeOmdat om it park in soad bebouwing is, leit it oan de ein fan de ekologyske ferbining (griene as) Fryske marren, Langwarder Wielen, natoerterrein De Twigen, wynsingel de Omkromte (efter de Koaileane), natoerterrein De Famberhorst en Park Heremastate.
-
Iepenloftteater midden yn it park.
-
Lytse fiver efter yn it park.
-
Nêsten fan de roekekoloanje yn it park.
-
Hjerstsfear.
-
Trochlibbe skientme
-
Bomen yn hjersttinten op de 'berch'.
-
Hjerst
-
Lytse fiver efteryn it park.
-
Sineesk brechje.
-
Sineesk brechje.
-
Begjin 18e iuw.
-
De Berch om 1720 hinne.
-
It park yn 1688 en 1691
-
It park yn 1702 en 1708.
-
kaart út 1735.
-
Untwerp fan begjin 1800 ynpast op in kaart út 1735.
-
De pyramide út 1810.
-
Byld
-
Fiver
Literatuer
bewurkje seksje- K.F. Gildemacher, J.H.P. van der Vaart - Een Rijk Bezit, Skarsterlân op de achttiende-eeuwse kaarten van Johan Vegelin van Claerbergen, Utert (2007)
- R. Mulder-Radetzky - Heremastate te Joure, Historisch onderzoek naar de tuinaanleg, uitgevoerd ten behoeve van de restauratie in opdracht van de gemeente Skarsterlân. Ljouwert (2003)
- Oranjewoud. (1988) Heremastate Joure, ynrjochtingplan, renovaasjeplan (1988)
- H. Spanninga - Herema-state, Geschiedenis van huis en park, De Jouwer (1975)
- M.R. van der Spoel-Walvius - Het park van Herema State (in de 19de eeuw mede ontworpen door L.P. Roodbaard), yn: Ut eigen Gea, (2011)
- M.R. van der Spoel-Walvius - Order Roodbaard. Bestellingen door L.P. Roodbaard bij de firma Wijbren Krijns en co., yn: Cascade Bulletin
- E. van der Laan, W. Ottens - Roodbaards Rijkdom, Rotterdam (2012)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Park Heremastate fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|