Jan David Zocher jr. (Haarlim, 12 febrewaris 1791 - dêre, 8 july 1870) wie in Nederlânsk arsjitekt, stêdeboukundige en lânskipsarsjitekt. Hy yntrodusearre, tagelyk mei Lucas Pieters Roodbaard yn Noard-Nederlân, de lânskipstún yn Nederlân en ûntwurp ferskate klassisistyske gebouwen. Syn heit Johan David Zocher Sr. (1763-1817) en broer Karel George Zocher (1796-1863) wiene ek túnarsjitekt.

Jan David Zocher

Zocher krige syn earste ûnderjocht as arsjitekt-túnarsjitekt fan syn heit. Yn 1809 waard er troch kening Loadewyk Napoleon beneamd ta kwekeling yn de boukunde (pensionaire), dêr't reizgjen nei it bûtenlân oan fêst siet: twa jier Parys en twa jier Italië. Letter folge in reis troch Ingelân, dêr't fral it wurk fan túnarsjitekt Humpry Repton in grutte yndruk op him makke. Werom yn Nederlân folge er syn heit op as lânskipsarsjitekt fan kening Willem I.

Yn 1821 makke J.D. Zocher jr. in ûntwerp foar de feroaring fan de Haarlimske stedswallen (de bolwerken) yn in park. Yn 1808-1819 hie er tegearre mei syn heit al in ûntwerp makke foar de Haarlemmerhout (dat net útfierd waard), syn nije ûnwerp út 1827 waard wol útfierd. Yn 1833 ûntwurp er de Fjoertoer J.C.J. van Speijk yn Egmond oan See.

 
Fjoertoer J.C.J. van Speijk, Egmond oan See.

Beurs fan Zocher

bewurkje seksje

De Beurs fan Zocher yn Amsterdam wie syn ferneamdste gebou. Dat beursgebou, dat in protte fan in Grykske timpel wei hie, kaam yn 1845 ôf en waard 10 septimber fan dat jier fan kening Willem II iepene. Ek dat jier waard Zocher beneamd ta Ridder yn de Oarde fan de Nederlânske Liuw. Yn 1903 waard it gebou lykwols ôfbrutsen, meidat it te lyts wurden wie. Op itselde plak stiet no it warehûs de Bijenkorf, op de hoeke fan de Dam en it Damrak. Yn 1903 waard in nije beurs boud, de Beurs fan Berlage.

 
Beurs fan Zocher, Amsterdam. 1841-1845.
 
Stadsbuitengracht, Utert
 
Park Schoonoord, Rotterdam, 1860.
  • 1860 it parkje Schoonoord yn Rotterdam.
  • Yn 1864 tegearre mei syn soan it Amsterdamske Vondelpark.
  • Om 1870 Het Park yn Rotterdam.
  • Yn 1890 it Westbroekpark, dat lykwols mar foar in part útfierd waard.

Begraafplakken

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje