De grutte gersstjer (Ornithogalum nutans) is in plant. Yn de 23e printinge fan de 'Heukels' wurdt er yndield yn de asperzjefamylje (Asparageaceae), mar neffens it APG II-systeem is it ek tastien de soarte te setten yn de narsisfamylje (Hyacinthaceae).

grutte gersstjer
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift asperzje-eftigen (Asparagales)
famylje asperzjes (Asparagaceae)
skaai gersstjerren (Ornithogalum)
soarte
Ornithogalum nutans
Linnaeus, 1753

De 6 sm grutte blom bestiet út twa trio's wite kroanblêden. Lykas by de faker foarkommende (gewoane) gersstjer (Ornithogalum umbellatum) hawwe de kroanblêden oan de ûnderside in griene streek dy't oan de ein fan it kroanblêd ta rint. De blommen hingje yn in strúsfoarm oan in 40-50 sm lange stâle. Dêr't de blommen fan de gewoane gersstjer nei boppen iepen steane, hingje se by de grutte gersstjer nei de sydkant of nei ûnderen knakt. De bloei is fan april oant maaie.

Blom

De blêden binne breed, linefoarmich en kinne 0,5 m lang wurde, ûngefear like lang as de blomstâle.

Fersprieding

bewurkje seksje

De plant komt út it Middellânske-Seegebiet: it westen fan Turkije en it easten fan Grikelân. Om 1600 is de plant op de Hortus yn Leiden ynfierd, en fersprate him dêrwei oer de stêd.

Yn Nederlân komt it soarte eins allinnich as stinzeplant foar op lângoeden flak efter de kust. De grûn bestiet út fiedselrike, wiete kalkhâldende grûn yn leafbosken.

Yn Nederlân is de plant beskerme yn it ramt fan de Floara & Faunawet. It soarte is hjiryn opnomd op de list mei beskerme plantesoarten.

Dêr't de gewoane gersstjer him benammen fegetatyf fuortplantet, set de grutte gersstjer ek goed sied en ferspriedet him middels siedden.

De plant kin hiel bêst wat skaad hawwe, en docht it dan ek goed as ûnderbegroeiing by struken op healiepen plakken. Op in humusrike, wat fochtige grûn sille se har goed fermannichfâldigje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: