Aksje T4

(Trochferwiisd fan Aktion T4)

Aktion T4 wie de koadenamme fan nazy-Dútslân syn eugenetyske eutanasy- en ferplichte sterilisaasjeprogramma. It programma waard yn oktober 1939 mei úteinset fanwegen Adolf Hitler.[1] It buro dat dit Sonderprogramm útfiere moast wurke ûnder de lieding fan de rykslieder fan de kânselarij fan de Führer, Philip Bouhler, en fan Hitlers liifdokter, Dr. Karl Brandt. De namme T4 is ôflaat fan it adres fan it kantoar, Tiergartenstraße 4 yn Berlyn.

Yn de kelder fan dit gebou yn Pirna-Sonnenstein waarden yn 1940/41 13.720 minsken mei in kognitieve of psychyske steurnis, mar ek teminsten 1.031 finzenen út konsintraasjekampen, fergast.
Hitlers oarder foar Aktion T4

It doel fan it programma wie it behâld fan genetyske suverheid fan it Germaanske folk. Minsken dy't misfoarme of lichaamlik beheind wiene of dy't te lijen hiene fan in psychiatryske sykte, waarden systematysk fermoarde. Ien argumint om de moard te rjochtfeardigjen wie, dat it sinleaze bestean en it sinleaze lijen fan dy pasjinten in goede reden wie om ta eutanasy oer te gean. De nazi-artsen brochten it as in die fan barmhertigens en it waard foarsteld as de meast humane metoade om dy siken om te bringen (sa woe Dr.Karl Brandt it hawwe, de liifarts fan Adolf Hitler, Gruppenführer yn de SS en Generalleutnant yn de Waffen-SS.

Metoade en resultaat

bewurkje seksje

Faak stie it útrûgjen fan dizze minsken ûnder tafersjoch fan de psychiaters Carl Hans Heinze Sennhenn en Werner Villinger. Sennhenn levere hûnderten breinen oan nazy-ûndersikers. Werner Villinger fierde eksperiminten mei minsken út foardat sy de dea ynstjoerd waarden.

Tsjin de ein fan 1941 wie ien op de trije bewenners fan in psychiatryske ynrjochting yn Dútslân al dea, of troch moard of troch ferhongering, mar ek troch smoaren, ynjeksjes, fergiftiging en tefolle medikaasje. Dat betsjutte doe 93.000 frije bêden.

Op 18 augustus 1941 liet Hitler it programma tydlik stopje troch druk fan de Katolike Tsjerke (Clemens August kardinaal von Galen[2]), de oare tsjerken en de famyljes fan de slachtoffers; 70.000 minsken wienen doe al deadien. Der wurdt rûsd dat totaal 200.000 minsken stoaren ûnder it Aktion T4-programma. De aksje einige lykwols net yn 1941. Dokters en ferpleechkundigen giene der mei troch yn sikehuzen yn Dútslân en Eastenryk. It waard sa oanpakt dat it wantrouwen fan de Dútske befolking beheind bleau. Sokke foarsoarchsmaatregels bekroade men him net om yn de besette gebieten.

Nei de kriich

bewurkje seksje

Dokters en ferplegend personeel dy't belutsen wiene by it eutanasyprogramma waarden lang net altyd foar de rjochter brocht. Lang nei de stifting fan de nije Dútske steaten in 1949 (Bûnsrepublyk Dútslân) koene hege amtners oan ferfolging ûntkomme en oan it wurk bliuwe yn de Dútske sûnenssoarch.

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  Commons: Aksje T4 – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (dú) Biografy fan Philipp Bouhler, mei in kopy fan de brief dêr't Adolf Hitler it programma mei begûn, www.polunbi.de (Datenbank Schrift und Bild 1900-1960)
  2. (in) Homily fan kardinaal von Galen, 3 augustus 1941