De Albertdina yn Noard-Sleen, Drinte, is in nôtmûne dy't yn 1906 boud waard op it plak fan in foargonger, dy't doe ôfbaarnde.

Albertdina
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Noard-Sleen
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1906
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33783 [1]

De foargongers fan de hjoeddeiske mûne baarnden yn in pear jier efter inoar ôf. De earste mûne hie oarspronklik stien yn Garrelsweer en baarne yn 1904 ôf. De twadde mûne wie boud fan materjaal fan de stellingmûne 'Concordia', dy't yn Grins oan it Damsterdjip stie, in mûne út 1771 en yn 1906 ôfbaarnde.

De Albertdina waard yn 1906 foar de mûnder F. Westerling boud mei it achtkant fan de ôfbrutsen mûne Apollo (of mûne fan Grashuis) út it Grinslânske Usquert.[2]

It eigendom fan de mûne gyng yn 1908 oer fan J. Westerling op J. Ziengs. Yn de jierren 1952-1953 krige de mûne by in restauraasje fan de sûnt 1945 nije eigner J. Schepers in nije sturt en selsswichting.

Yn 1976 kocht de gemeente Dalen de mûne fan de lêste mûnder J. Schepers oan. Nei de gemeentlike weryndieling waard de gemeente Coevorden eigner fan de Albertdina, dy't de mûne yn 2020 tagelyk mei De Hoop yn Wachtum en De Arend yn Coevorden oerdie oan it Drintske Gea.[3]

De Albertdina is in achtkante grûnsiler mei in mitselde ûnderbou. De wjukken hawwe in flecht fan 22 meter en in âldhollânsk wjuksysteem. Kape en achtkant binne reitdutsen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Molens uit Drenthe, útjouwerij Waanders-Zwolle