Ald Grifformearde tsjerke (Feanwâlden)
De Tsjerke fan de Ald Grifformearde Gemeente yn Feanwâlden stiet oan de Boargemaster Faberwei en waard yn 1920 boud.
Ald Grifformearde Tsjerke | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Boargemaster Faberwei 3 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1920 | |
webside | Side fan de gemeente |
SkiednisBewurkje
It tsjerkje waard yn 1920 boud foar de kristlik-grifformearde gemeente, mar in skeel soarge yn 1954 foar in skuorring yn de gemeente. Der ûntstiene dêrnei twa ferskillende gemeenten: in kristlik-grifformearde gemeente dy't harren tsjerke oan de Stasjonswei krigen en in âld-grifformearde gemeente dy't it tsjerkje oan de Boargemaster Faberwei hold.
It âld-grifformearde tsjerkje is de iennige tsjerke fan it tsjerkegenoatskip yn de trije noardlike provinsjes. De tsjerklike gemeenten dy't it measte tichteby lizze binne yn Rouveen en Urk.[1]
Yn de tsjerke is plak foar likernôch 100 minsken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|