Alde Lemster Sleat
De Alde Lemster Sleat (Stellingwerfsk en offisjeel: Oolde Lemster Sloot) is in feart yn de gemeente Weststellingwerf. De feart rint besuden Rotstergaast yn 'e polder De Hellingen besuden de Tsjonger yn natoerreservaat De Brandemar en rint troch yn de rjochting fan Nijlemmer.
De namme Oolde Lemster Sloot jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Oude Lemstersloot.