Alde Lune
Alde Lune is in feart yn de gemeente Tytsjerksteradiel, súdeastlik fan Ljouwert. De Alde Lune begjint by de Lousmarpolder en rint dan mei in knik nei it suden, ûnder de wei Aldemiede troch nei it Van Harinxmakanaal.
De namme Alde Lune jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Oude Lune.