Alde Tsjerke (Sâltkamp)
De Alde Tsjerke is de eardere herfoarme tsjerke fan Sâltkamp yn 'e provinsje Grinslân. Tsjintwurdich wurdt de tsjerke beheard troch de Stifting Alde Tsjerke Sâltkamp, dy't it gebou iepenstelt foar kulturele aktiviteiten en foar spesjale tsjinsten.
Alde Tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | It Hegelân | |
plak | Sâltkamp | |
adres | Marnestrjitte | |
koördinaten | 53° 20' N 6° 18' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1836 | |
Webside | ||
Side PKN Sâltkamp Stifting Alde Tsjerke Sâltkamp | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1836 krige Sâltkamp foar it earst in eigen tsjerke. Foar dy tiid moasten de bewenners foar de preek rinne oer it likernôch 2,5 kilometer lange tsjerkepaad nei Fjouwerhûzen.
De tsjerke waard op it eardere bolwurk fan 'e skâns boud, dêr't eartiids de Alde Batterij lei. It giet om in ienfâldige sealtsjerke mei in rjocht sletten koer. De tsjerke hat in tuorke mei in fisk as wynwizer, dy't de bannen fan it doarp mei de fiskerij symbolisearret. Yn 'e eastlike muorre binne twa ovale finsters ynbrocht. It tsjerkhôf om 'e tsjerke hinne waard yn 1855 yn gebrûk nommen en bleau yn gebrûk oant de oanlis fan in nij tsjerkhôf yn 1895.
De tsjerke wie nei de doleânsje wat te grut woarn en sadwaande koe it gebou wol mei wat minder banken ta. Yn 'e frijkommen romte yn it koer waard in nije mozaïekflier lein. It middenpaad krige yn de Twadde Wrâldkriich nije fliertegels. De net sa hiel âlde klok waard yn de kriich foardere en nei de befrijing ferfongen troch in troch Van Bergen getten klok.
De tsjerke waard yn 'e jierren 2010-2011 restaurearre en geskikt makke foar multyfunksjoneel gebrûk. It oargel en de preekstoel bleaune yn de tsjerke.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel yn 'e tsjerke waard yn 1976 oankocht en wie doe in 150 jier âld ynstrumint. It hie earder yn 'e Herfoarme evangelisaasjekapel fan Feandam stien, mar foar dy tiid noch yn de tsjerke fan 'e Grinzer Pein. De basis foar it ynstrumint soe boud wêze troch Van Oeckelen. It oargel waard troch Mense Ruiter restaurearre en efter de oargelkas fan 'e foargonger út 1928 boud.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|