Alde Wyk (Waskemar)
De Alde Wyk (Stellingwerfsk en offisjeel: Oolde Wiek) is in wyk yn de gemeente Eaststellingwerf. De feart rint fan de Haulerwykster Feart yn Waskemar nei it suden. East fan de wyk leit de buorskip Janssenstifting.
In wyk is in fan de haadfeart ôfgeande lytsere feart om turf ôf te fieren.
De namme Oolde Wiek jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Oude Wijk.