Ale Algra
Ale Algra (Swichum, 17 oktober 1902 - Ljouwert, 27 maart 1970) wie in learaar dy't fan 1924 - 1952 yn Nederlânsk-Ynje wurke. Letter wurke er ûnder oare as learaar skiednis oan it kristlik Lyseum yn Snits.
Ale Algra wie in soan fan lânarbeider Aan (Hendriks) Algra en Jitske Bosma.
By it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich wie Algra krekt mei ferlof yn Nederlân en koe net werom nei Batavia. Hy hat doe aktyf meidien yn it ferset yn Fryslân ûnder de skûlnammen 'Moethoen' en 'A² '.[1]
Werom yn Ynje skreau Algra fan 1946 - 1952 ferhalen foar it Frysk Deiblêd.[2]
Hy skreau De Historie gaat door eigen dorp I,II,III (1955, 1956, 1957), in bondeling fan stikken dy't er wykliks skreaun hie yn it FD oer de skiednis fan de Fryske mienskip. Hy krige der yn 1960 de Joast Halbertsmapriis foar.
Mei syn broer Hendrik Algra skreau er it boek Dispereert niet en de 14-dielige rige Vaderlandse Geschiedenis (1941-1956).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|