Aleksander-Svirski kleaster

It Aleksander Svirskikleaster (Russysk: Александро-Свирский монастырь; Aleksandro-Svirski monastyr) is in Russysk-otterdoksk kleaster yn 'e bosken fan 'e oblast Leningrad, Ruslân. It leit súdlik fan 'e grins mei de republyk Kareelje. De gouden iuw fan it kleaster wie yn 'e 17e iuw en út dy tiid stamme de measte gebouwen. Bysûnder is de klokketoer mei trije spitsen, in type dêr't net in soad fan de tiid trochstien hawwe.

Aleksander-Svirski kleaster

Александро-Свирский монастырь

Sicht op de kleasters fan ôf de Rosjtsinsky-mar.
Sicht op de kleasters fan ôf de Rosjtsinsky-mar.
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Leningrad
plak Staraja Sloboda
koördinaten 60° 46' N 33° 18' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1487
opheffing 1917
weriepening 1997
Ynformaasje bou
boujier 16e-17e iuw
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 471520257110006
Webside
svirskoe.org
Kaart
Aleksander-Svirski kleaster (Jeropeesk Ruslân)
Aleksander-Svirski kleaster
 
Aleksander fan Svir op in 18-iuwsk ikoan.

It kleaster waard yn 1487 stifte, doe't in muonts mei de namme Aleksander út it Valaam-kleaster, him tusken heidenske folken nei wenjen sette, op sa'n 20 kilometer eastlik fan 'e Ladogamar en seis kilometer fan 'e rivier de Svir. Dêr krige de muonts yn in dream de opdracht fan 'e Hillige-Trije-ienheid om twa tsjerken te bouwen, dy't wijd wurde moasten oan 'e Trije-ienheid en 'e Transfiguraasje fan 'e Hear. Dy beide tsjerken foarmen it begjin fan 'e kleasters Trije-ienheid en Transfiguraasje, tegearre bekend ûnder de namme Aleksander-Svirski kleaster. Al doe't de stifter noch libbe bestie it kleaster út twa aparte kompleksen, dy't troch in paad by de mar del mei inoar ferbûn wiene.

Lykas oare kleasters yn Ruslân krige it Aleksander-Svirski kleaster te meitsjen mei perioades fan bloei en delgong. Mei de ynvaazjes yn Ruslân waarden de kleasters jimmeroan wer yn brân stutsen en plondere, mar altiten wer fûn der in werbou plak en yn 'e heechtijdagen hie it kleaster wol acht tsjerken, in rike sakristy en herberge it tal fan keunstwurken lykas weardefolle ikoanen en âlde boeken en manuskripten. Yn 'e 19e iuw waard it kleaster sels it "Noardlike Lavra" neamd.

It âldste gebou fan it tsjintwurdige kleaster is de stiennen Foarbeatsjerke út 1533. De bou fan 'e yn Novgorod-styl boude tsjerke mei refter en klokkestoel waard moooglik makke troch donaasjes fan tsaar Vasili III.

 
Transfiguraasjekleaster.
 
Trije-ienheidkleaster.

Nei de Oktoberrevolúsje yn 1917 waarden de muontsen út harren kleaster ferjage. Guon waarden fermoarde, lykas de argimandryt fan it kleaster, dy't yn Olevets troch de Tsjeka eksekutearre waard. De bolsjewiken ferwideren de reliken fan de hillige Aleksander út it kleaster; it kompleks waard ûnderdiel fan 'e Gûlag en bekend ûnder de namme Svirlag. Net earder as yn 'e jierren 1970 fûnen der wer restauraasjes plak.

It kleaster waard yn 1997 oan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke werom jûn. De muontsen troffen in foar in grut part ferrinnewearre kleaster oan en moasten hurd wurkje om de gebouwen wer yn oarder te meitsjen. Op 30 july 1998 kamen ek de reliken werom fan 'e stifter fan it kleaster. De tsjerken fan beide kleasters waarden restaurearre en wer yn gebrûk nommen foar de earetsjinst. Sûnt 1953 wie der in psychiatrysk sikehûs yn it Trije-ienheidskleaster fêstige en dat bleau noch sa oant de ferhûzing dêrfan yn 2009. Tsjintwurdich hat it hiele Aleksander Svirski wer in religieuze funksje.

Ofbyld Namme Kleaster Boujier
  Trije-ienheidkatedraal Trije-ienheidkleaster 1695-1697
  Foarbeatsjerke mei refter Trije-ienheidkleaster 1533-1536
  Klokketoer Trije-ienheidkleaster 1646
  Tsjerke fan Jehannes fan Damaskus Trije-ienheidkleaster 1716
  Transfiguraasjekatedraal en de Tsjerke fan Elisabet en Sacharías Transfiguraasjekleaster 1641-1644
1668
  Poartetsjerke fan Nikolaas de Wûnderwurker Transfiguraasjekleaster 1791
  Klokketoer Transfiguraasjekleaster 1903-1904

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Александро-Свирский монастырь