Kleaster fan Valaam

It Kleaster fan Valaam (Russysk: Валаамский монастырь, Finsk: Valamon luostari; ek Valamo-kleaster) is in otterdoksk kleaster yn Kareelje yn it noardwestlik diel fan Ruslân. It kleaster leit op it eilân Valaam yn de Ladogamar, it grutste mar fan Jeropa, likernôch 80 km. noardlik fan Sint-Petersburch.

Kleaster fan Valaam

Валаамский монастырь

bouwurk
De Trasnfiguraasjekatedraal
De Trasnfiguraasjekatedraal
lokaasje
lân Ruslân
republyk Kareelje
koördinaten 61° 23' N 30° 56' E
bysûnderheden
type bouwurk kleaster
boujier 14e iuw
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 1010054029
offisjele webside
valaam.ru

Stifting bewurkje seksje

Neffens in leginde soe de apostel Andreas it kleaster yn de 1e iuw stifte ha. Op de rotsen liet er in stiennen krús delsette. De leginde seit dat it krús de easte stien fan it fûnemint fan it kleaster waard.

Wannear't it kleaster krekte stifte waard is net bekend. Foar de 16e iuw steat der neat beskreaun. De tradysje wol ha dat it kleaster yn de 10e iuw troch de twa Grykske muontsen Sergius en Herman waard stifte. Oer it algemien wurdt lykwols oannommen dat it kleaster earne yn de 14e iuw oprjochte waard.

Skiednis bewurkje seksje

It Kleaster fan Valaam wie in noardlike bûtenpost tsjin de heidenen en letter in westlike bûtenpost tsjin de katolike tsjerke. Yn de 16e iuw ferskode de Sweedske grins ten koste fan Ruslân nei it easten. It Kleaster fan Valaam waard yn 1578 troch de Sweden oanfallen en de muontsen ombrocht. Nije oanfallen lieten neat oer fan de gebouwen en it kleaster bleau tusken 1611 en 1715 ferlitten. De grins tusken Ruslân en Sweden rûn no dwers troch de Ladogamar.

 
It kleaster yn de jierren 1930

Yn de 18e iuw folge de weropbou fan it kleaster en yn 1812 kaam it gebiet te lizzen yn it Russyske Grutfoarstedom Finlân. Yn 1917 waard Finlân ûnôfhinklik en it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel erkende de otterdokske tsjerke fan Finlân as selsstannige tsjerke. It kleaster wie no it wichtichste kleaster fan de Finsk-Otterdokse Tsjerke. De Tsjerkeslavyske taal waard troch Finsk ferfongen en de Gregoriaanske kalinder waard ynfierd. Jierrenlang joegen de feroarings oanlieding ta strideraasjes yn de mienskip fan Valaam.

Tidens de Winterkriich fan 1940 waard it kleaster evakuëarre. De 150 muontsen flechten nei it westen en fûnen plak yn it Finske Heinävesi, dêr't hja it oan hjoeddedei besteande kleaster Uusi Valamo (Nij Valaam) stiften. Nei de evakuaaske fan de kleasters Konevsky en Petsjenga is it Uusi Valamo Kleaster it iennige manljuskleaster fan de Otterdokske Tsjerke fan Finlân. Yn de jierren 1941-1944, tidens de oarloch, waarden der prikken yn it wurk steld om it kleaster te renovearjen, mar dit mislearre om't it eilân brûkt waard as militêre basis en it kleaster as hûs foar ynvaliden en as kasino. De kleastertún waard troch it Reade Leger as sjitterrein brûkt en de ikoanen tsjinnen as sjitskiif.

Yn 1989 waard it kleaster op 'e nij iepene. It kleaster hie de persoanlike beskerming fan patriarch Alexius II, dy't it kleaster as bern besocht hie. De gebouwen waarden wer restaurearre en it kleaster krige it lân werom dat earder ûnder de Sovjet-tiid ûnteigene wie, itjinge noch lange tiid foar konflikten soarge mei de lokale bewenners, dy't hjir yn de Sovjet-tiid kamen te wenjen.

Skiten bewurkje seksje

By it Kleaster fan Valaam heart in grut tal saneamde skiten, lytse kleastermienskippen yn de archipel, dy't mear isolearre mar wol ûnder it haadkleaster falle.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]