Kleaster fan Konevets

It Kleaster fan 'e Berte fan 'e Mem Gods op Konevets (Russysk: Коневский Рождество-Богородичный монастырь; Finsk: Konevitsan Jumalansynnyttäjän syntymän luostari) is ien fan 'e twa kleasters yn de Ladogamar yn it westlike diel fan 'e oblast Leningrad, Ruslân. It twadde kleaster, it Valaam-kleaster is bekender en grutter.

Konevitski Kleaster
Коневский монастырь
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Leningrad
koördinaten 60° 50' N 30° 35' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1393
opheffing 1940
weriepening 1990
Ynformaasje bou
boujier 19e iuw
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 471520258590006
oare gegevens muonts Arseni Konevski
Webside
konevets.ru
Kaart
Kleaster fan Konevets (Jeropeesk Ruslân)
Kleaster fan Konevets

It kleaster stiet op it eilân Konevets, dat yn it noardwestlike diel fan 'e mar leit. Njonken it kleaster binne der ferspraat oer it eilân noch inkelde lytsere, mear isolearre delsettings, saneamde skit's (скит). De histoaryske en religieuze bouwurken waarden yn 'e Sovjet-tiid misbrûkt; yn dy tiid waarden de tsjerken brûkt as wurkplaatsen foar it repearearjen fan militêr materjeel. Sadwaande is der in soad ferlern gien. Yn it begjin fan 'e jierren 1990 fûn in revival fan it kleaster plak.

 
De hynstestien mei kapel.

Eartiids wie it eilân in heidensk offerplak fan Finske stammen, dy't dêr in ûnbidich grutte kei yn 'e foarm fan in hynsteskedel ferearen. Dy stien, yn it Russysk "Конькамень", hat it eilân syn namme jûn. It earste diel fan 'e namme ("Конь") betsjut hynder en it twadde diel ("камень") stien.

It kleaster waard yn 1393 troch de muonts Arseni Konevski stifte, dy't de lokale bewenners ta it kristendom bekeare woe. Fanwegen heechwetter moast de lokaasje fan it kleaster ferhûze wurde. Yn 1421 waard de earste stien lein foar de bou fan 'e katedraal fan 'e Berte fan de Mem Gods.

Lykas it Valaamkleaster stie it kleaster op Konevets bekend om it missywurk. Op 'e Russysk-Sweedske kriich fan 1614-1617 folge de Sweedske besetting fan it eilân. De muontsen moasten ferhûzje nei Novgorod, dêr't hja plak fûnen yn it Derevjanitski-kleaster. Nei't Ruslân it gebiet yn 'e Grutte Noardske Kriich werom ferovere, joech Peter de Grutte yn 1718 tastimming om it kleaster te renovearjen. Ynearsten bleau it restaurearre kleaster ûnder it Derevjanitski-kleaster fallen, mar yn 1760 waard it selsstannich. Yn 1812, nei de Finske Kriich, kaam it kleaster tegearre mei de rest fan Ald Finlân yn it nij foarme Grutfoarstendom Finlân te lizzen.

 
It kleaster yn 'e 19e iuw.

It kleaster gyng yn 'e 19e iuw in gouden tiid yn 'e mjitte. It waard ferneamd en ek de keizerlike haadstêd krige belangstelling foar it kleaster. Op 28 juny besocht tsaar Aleksander II mei de famylje it kleaster. Ek oare lju fan 'e boppelaach wisten de wei nei it kleaster te finen, lykas Alexandre Dumas en Fjodor Tjûttsjev. Yn syn wurk fan 1873 beskriuwt Nikolaj Leskov syn ûnderfinings nei in besite oan it kleaster.

 
De 19e iuwske katedraal fan it kleaster.

Fanwegen de tanommen populêriteit fan it kleaster koe der útein set wurde mei grutte bouprojekten. Der waard yn 'e jierren 1800-1809 begûn mei de bou fan in nije katedraal mei fiif koepels. It foarse gebou mei twa ferdjippings waard ûntwurpen troch lokale muontsen. Yn 'e selde styl waard fan 1810 oant 1812 in 35 meter hege klokketoer boud.

 
Prototype fan 'e Konevskaja-ikoan.

Nei de Oktoberrevolúsje yn 1917 stie it kleaster yn it doe ûnôfhinklike Finlân en foel it ûnder de jurisdiksje fan 'e selsstannige Finsk-Otterdokse Tsjerke. Op it eilân waarden Finske troepen stasjonearre en it gasteferbliuw waard brûkt om militêren yn ûnder te bringen. De Winterkriich en Twadde Wrâldkriich brochten op 'e nij swierrichheden foar it kleaster. De muontsen moasten op 13 maart 1940 nei Finlân evakuëarje en namen de klokken, de ikonostaze en in tal persoanlike besittings fan 'e oprjochter fan it kleaster mei. Ek de wûnderdiedige Ikoan van de Mem-Gods- fan-Konevets, dat de stifter fan it kleaster ea nei in ferbliuw fan trije jier op Atos meinaam hie nei syn heitelân, kaam sa yn Finlân telâne. Foar in lyts skoft kamen de muontsen nei it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldkriich werom, mar mei it ferskowen fan it Russyske front flechten de muontsen yn augustus 1944 mei it Finske leger op 'e nij nei it westen. Yn 1956 foegen hja harren by de muontsen dy't it Valaamkleaster ûntflechte hiene en stiften mei har in nij kleaster yn it frije Finlân, it Novo-Valaamkleaster yn Kuopio. It eilân Kolevets waard nei de ferovering fan it gebiet in oefenterrein fan 'e Russyske striidkrêften.

Yn 1990 foel it beslút it kleaster werom te jaan oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. It wie ien fan 'e earste kleasters yn 'e regio, dy't de oarspronklike funksje werom krige. De reliken fan 'e muonts Arseni waarden yn novimber 1991 by de restauraasje fan de benedentsjerke fan 'e katedraal ûntdutsen. Ut ûndersyk fan 1998 die bliken dat se autentyk wiene. Yn desimber 1991 waard in organisaasje yn Finlân oprjochte om te helpen by de weroplibbing fan it kleaster. Op 19 augustus 1998 besocht foar it earst yn 'e skiednis fan it kleaster de primaat fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke, Aleksi II, it eilân. Syn opfolger, Kirill, die op 11 july 2009 it kleaster oan.

Yn 2006 kearde de ikoan fan de Mem-Gods-fan-Konevets foar koarte tiid út Finlân werom. De ikoan, dy't tsjintwurdich yn it Nije-Valaamkleaster yn Finlân wurdt bewarre, bleau in wike op it eilân en soarge foar in pylgerstream fan mear as 30.000 minsken.

Hjoeddedei wurdt it kleaster benammen simmerdeis in soad besocht troch pylgers en toeristen. Foaral de feestdagen fan 'e muonts Arseni op 25 juny en dy fan 'e ikoan fan de Mem-Gods-fan-Konevets binne drokke dagen.

Mei de restauraasje fan 'e Arsenitsjerke waard de restauraasje fan 'e kleastertsjerken yn 2020 ôfsletten. It kleaster krige by de restauraasje stipe fan 'e oerheid fan 'e oblast Leningrad, it bisdom Vyborg en it oaljebedriuw Rosneft. It kleaster hat twa dependânses yn Sint-Petersburch en Priozersk iepene.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Коневский Рождество-Богородичный монастырь