Aleksander Nevski-kleaster

It Aleksander Nevski Lavra (Russysk: Александро-Невская лавра; Aleksandro-Nevskaja lavra) is in Russysk-otterdoks kleaster yn Sint-Petersburch, Ruslân. It kleaster stiet oan 'e ein fan 'e Nevski Prospekt oan 'e kant fan 'e Neva. Yn it kleaster is it grêf fan 'e grutfoarst Aleksander Nevski. Dêrnjonken binne der op it terrein fan it kleaster meardere begraafplakken en grêven fan wichtige persoanen te finen. It kleaster is de sit fan 'e metropolyt en krige de status fan in lavra, de heechste status dy't in Russysk-otterdoks kleaster hawwe kin.

Aleksander Nevski-kleaster
Lokaasje
lân Ruslân
plak Sint-Petersburch
koördinaten 59° 55' N 30° 23' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1712
opheffing 1932
weriepening 1996
Ynformaasje bou
boujier 18e en 19e iuw
boustyl barok
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 781520379090006
Webside
Side fan it kleaster
Kaart
Aleksander Nevski-kleaster (Sint-Petersburch-Sintrum)
Aleksander Nevski-kleaster
 
It lavra yn 1880.

Nei syn oerwinning op 'e Sweden by Poltava yn 1709 joech Peter de Grutte op 20 febrewaris 1712 de opdracht om op it plak in kleaster te bouwen. Peter de Grutte miende dat op dat selde stee yn 1240 de Russyske hillige Aleksander Nevski ek in oerwinning op 'e Sweden behelle hie, mar dat gefjocht fûn lykwols sa'n 19 kilometer fierder plak.

Op 25 maart 1713 waard in earste houten tsjerke ynwijd. It kompleks waard yn 'e jierren 1715 oant 1722 ûnder lieding fan 'e Switserks-Italjaanske arsjitekt Domenico Trezzini fierder útboud. Yn maaie 1723 feroardene tsaar Peter it oerbringen fan it omskot fan Aleksander Nevski nei it kleaster. Op 30 augustus 1724, op 'e kop ôf trije jier nei de frede fan Nystad, folge yn oanwêzigens fan 'e tsaar de bysetting fan 'e hillige yn it kleaster. Dy dei waard, ynstee fan 23 novimber, tenei ek de offisjele feestdei fan Ruslân's nasjonale hillige.

Tusken 1742 en 1750 waard de bou fan it kleaster fuortset troch de soan fan Trezzini. Noch ûnder tsaar Peter waard yn 1721 in skoalle stifte foar de bern fan de preesters, dat in pear jier letter feroare yn in Slavysk-Gryksk-Latynsk seminaarje. Under Katarina II ûntjoech it seminaarje him ta ien fan 'e wichtichste fan it lân en ûnder Paul I lang om let ta in teologyske hegeskoalle.

De status fan lavra folge yn 1797 en tenei wie it kleaster ek de residinsje fan 'e lieding fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke fan 'e haadstêd. Nei't leden fan 'e tsarefamylje ek yn 'e yn 1715 nije Marije-Ferkundigingstsjerke fan it kleaster waarden byset, tsjinne it kleaster ek as beafeartsplak foar de tsjaren.

 
It monumint fan Alexander Nevski (1910).

Noch ear't it dekreet om steat en tsjerke te skieden ôfroppen waard besochten de bolsjewiken al beslach te lizzen op 'e weardefolle saken fan it lavra. Op 13 jannewaris 1918 besocht in Sovjet-delegaasje it kleaster, beselskippe fan in groep lju mei wapens. De delegaasje joech in dokumint ôf mei de opdracht om alle eigendommen fan it lavra te oerlangjen. Nei't de delegaasje alle besit beskreaun hie, gyng de delegaasje wer fuort, mar op 19 jannewaris kaam in wapene detasjemint om in tal geastliken te arrestearjen. It waard op 'e tiid ûntdutsen, minsken rôppen inoar op en der briek ferset út; de Reade Garde waard ûntwapene, mar in preester rekke deadlik ferwûne, itjinge grutte opskuor feroarsake ûnder it folk. De leden fan 'e Reade Garde moasten harren ôfjaan en op 21 jannewaris kundige de metropolyt fan Petrograd in grutte religieuze prosesje ôf, dêr't sa'n 500.000 minsken oan dielnamen. Ein jannewaris waard de Aleksander Nevski-bruorskip stifte om de belangen fan it kleaster en it eigendom te ferdigenjen. Dy gebeurtenissen wiene de earste iepenlike konfrontaasje tusken it nije bolsjewistyske bewâld en de Russysk-Otterdokse Tsjerke en yn dat gefal slagge de Tsjerke der yn om de bolsjewistyske oerheid de baas te bliuwen.

Mar dat slagge net foar lang want op 5 febrewaris 1918 waard it dekreet fan skieding fan tsjerke en steat fan krêft. Tenei mochten religieuze organisaasjes ek gjin besit mear ha en de Russysk-Otterdokse Tsjerke rekke har rjochten as rjochtspersoan kwyt. Yn 1919 wie lykwols noch altiten in diel fan it kleasterbesit yn eigendom fan it lavra.

 
It iepenjen en yn beslach nimmen fan 'e sarkofaach fan 'e hillige Aleksander Nevski (1922).

Op 12 maaie 1922 waard de skryn fan Aleksander Nevski iepene as ûnderdiel fan 'e oerheidkampanje om alle wearden fan 'e tsjerke ôf te nimmen om dêrmei saneamd de hongersneed yn it lân te bestriden. De sulveren sarkofaach fan Aleksander Nevski ferdwûn mei de skryn as artistyk weardefol objekt nei de Hermitaazje, wylst de reliken fan 'e hillige sels oerbrocht waarden nei it Nasjonale Museum fan Religy en Ateïsme.

It kleaster bleau noch aktyf oant febrewaris 1932, doe't yn 'e nacht fan 17 op 18 febrewaris alle muontsen fan Leningrad arrestearre waarden. Tsjin 'e ein fan 1933 waard it Moskouse Patriargaat twongen de sluting fan it kleaster de legalisearjen. De tsjerken waarden ien foar ien sletten en wol 17 ferskillende organisaasjes namen it kleaster yn gebrûk. De Ferkundigingstsjerke waard ûnder de Sovjet-tiid as byldemuseum ynrjochte. De meiwurkers fan it museum sammelen weardefolle en unike grêfstiennen fan tsjerkhôven, dy't útkeazen wiene om te ferdwinen en brochten de monuminten nei it kleasterkompleks.

Yn 1957 waard de Trije-ienheidkatedraal wer as parochytsjerke iepene foar de earetsjinst. Op 3 juny 1989 kaam de sarkofaach mei dêryn de reliken fan Aleksander Nevski werom yn 'e katedraal. It by de sarkofaach hearrende monumint wurdt lykwols noch jimmeroan yn it Heritaazje bewarre.

It kleaster hjoeddedei

bewurkje seksje
 
Nei de fal fan it kommunisme libbe it religieuze libben yn it Aleksander Nevski-kleaster wer op (Pinkster 2016).

Yn 1996 libbe it kleasterlibben yn 'e muorren fan it lavra wer op. De Trije-ienheidskatedraal krige op 3 novimber 1997 de status fan katedraal werom. Alle gebouwen wiene op 18 april 2000 wer yn it besit fan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke. Tagelyk mei de weroplibbing fan it monastike en it liturgyske libben makken ek de tradisjonele ambachten wer in renêssânse troch. De pylgers witte tsjintwurdich harren wei wer nei it kleaster te finen. Yn 'e simmer fan 2007 wie de restauraasje fan 'e koepel fan 'e katedraal en it fergulden fan it 14 meter hege krús foltôge. It kleaster is foar it publyk tagonglik.

Op it kompleks steane in grut tal tsjerken. It neamen wurdich binne:

De Trije-ienheidskatedraal

bewurkje seksje

De boumaster Ivan Jegorovitsj Starov liet tusken 1775 en 1790 de Trije-ienheidskatedraal bouwe. It heechklassisistyske gebou hat it grûnplan fan in latynsk krús mei in trijeskippige tsjerke. De tagong wurdt foarme troch in portikus mei seis pylders. Net sa passend by de otterdokske arsjitektuer binne de twa klokketuorren. De katedraal hat in rike ynrjochting. De fresko's yn it ferwulft en de koepel binne neffens tekenings fan Giacomo Quarenghi makke. De ikonostaze fan wyt moarmer en reade agaat is net opfolle mei de wênstige ikoanen, mar mei reproduksjes fan Antoon van Dyck, Peter Paul Rubens, Leandro Bassano en Guido Reni en wurken fan Russyske skilders. In skilderij fan 'e Ferkundiging efter de ikonostaze is orizjineel en makke troch Anton Raphael Mengs.

De Marije-Ferkundigingstsjerke

bewurkje seksje

As earste grutte bouwurk fan it kleaster liet Trezzini yn 'e jierren 1717-1722 de Marije-Ferkundigingstsjerke op 'e noardlike hoeke fan it fjouwerfleugelige kleasterhôf bouwe. Yn 'e tsjerke binne ferskate grêfmonuminten fan 'e tsarefamylje ûnderbrocht. De tsjerke is ien fan de âldste stiennen tsjerken fan Sint-Petersburch.

Begraafplakken

bewurkje seksje
  • It Tichvinbegraafplak (sûnt 1823, it is it lêste rêstplak fan in soad Russyske keunstners en komponisten).
  • It Nikolaastsjerkhôf (sûnt 1861, oanlein foar muontsen, geastliken en letter ek leken).
  • It Lazarustsjerkhôf (sûnt 1717, oanlein foar minsken út de hegere lagen fan it Russyske Ryk, lykas meiwurkers fan 'e tsaar, hege amtners, arsjitekten en leden fan 'e adel).
  • It Kozakketsjerkhôf (sûnt 1919, de lêste begraffenis fûn plak yn 1970. It tsjerkhof krige yn 'e jierren 1930 de namme Kommunistysk tsjerkhôf, om't in soad revolúsjonêren op it hôf beïerdige waarden. Dochs foarmje de partijleden mar in minderheid op it hôf en yn 2009 krige it de âlde namme werom.)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Александро-Невская лавра en de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Alexander-Newski-Kloster