Trije-ienheidskatedraal (Sint-Petersburch)

De Katedraal fan 'e Trije-ienheid (Russysk: Троицкий собор; Troitski sobor) is in yn empirestyl boude Russysk-otterdokske katedraal yn Sint-Petersburch. De monumintale tsjerke waard tusken 1828 en 1835 boud troch de arsjitekt Vladimir Stasov.

Trijeienheidskatedraal
Lokaasje
lân Ruslân
plak Sint-Petersburch
koördinaten 59° 54' N 30° 18' E
Arsjitektuer
arsjitekt Vladimir Stasov
boujier 1828-1835
boustyl empire, klassisisme
monumintale status federaal monumint
monumintnûmer 7810031000
Webside
Hiemside katedraal
Kaart
Trije-ienheidskatedraal (Sint-Petersburch-Sintrum)
Trije-ienheidskatedraal

Skiednis en beskriuwing

bewurkje seksje

De tsjerke waard tusken 1828 en 1835 yn 'e grûnfoarm fan in Gryksk krús boud en bekroand mei in grutte koepel yn it midden en fjouwer lytsere boppe de earms fan it bouwurk, dy't yn in blauwe kleur mei gouden stjerren útfierd binne. De bekroaning fan 'e fiif koepels is in typysk Russyske tradysje yn 'e tsjerkebou en symbolisearret Kristus en de fjouwer evangelisten. De fjouwer portiko's binne klassisistyske tafoegings.

Doedestiids hie elk rezjimint fan de keizerlike garde in eigen katedraal. Foar it Izmailovski-rezjimint waard dat de Trije-ienheidskatedraal. In grutte floed yn 1824 soarge foar sa'n soad skea, dat de earste Trije-ienheidskatedraal ferfongen wurde moast troch in nije. Tsaar Nikolaas I joech opdracht ta de bou hjirfan.

Nei de oktoberrevolúsje waard yn 1922 yn it ramt fan 'e konfiskaasje fan tsjerklike guod de katedraal plondere fan alle rykdommen. De katedraal kaam doe yn hannen fan de Libbene Tsjerke, in ôfsplitsing fan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke, dy't gearwurke mei de bolsjewistyske oerheid en op underdielen ôfwykte fan 'e otterdokse lear. Yn 'e tiid fan Stalin's Grutte Terreur waard de katedraal yn 1938 dochs noch sletten. Nei de Twadde Wrâldoarloch moast de katedraal renovearre wurde. It gebou waard doe brûkt troch it Ministearje fan Post en Telekommunikaasje.

Yn 'e simmer fan 1990 waard it gebou werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.

 
De brân op 24 augustus 2006.

Om de katedraal werom te bringen yn 'e steat fan foar de revolúsje, waard der yn 2004 úteinset mei in restauraasje. By dy restauraasje ûntstie op 25 augustus 2006 op ien fan 'e stellings om 'e grutte koepel brân. De brân krige al gau grip op 'e grutte koepel, dy't ta de grutste houten koepels fan Jeropa heart. Ien fan 'e lytsere koepels stoarte yn en de trije oaren waarden troch it fjoer oantaaste.

De skatten yn 'e tsjerke koene gelokkich op 'e tiid feilich steld wurde, net yn 't lêste plak troch passanten dy't de mouwen opstrûpten. De skea oan 'e katedraal wie lykwols grut en waard op meardere miljoenen euro's rûsd. Tsjin 'e ein fan it jier 2007 wie de skea wer ferholpen. De folsleine restauraasje fan 'e katedraal waard yn 2010 foltôge.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Trije-ienheidskatedraal, Sint-Petersburch fan Wikimedia Commons.