Lavra
In Lavra of Laura (Syrillysk: Лавра, út it Gryksk Λαύρα; "strjitte") is in ierkristlike en letter eastersk-otterdokske delsetting fan muontsen yn de foarm fan sellen of grotten mei in sintrale tsjerke of katedraal. De muontsen libje as hearemiten yn ôfsûndering fan inoar, mar fiere wol tegearre de eucharisty en steane ûnder in mienskiplike abt.
Oarsprong
bewurkje seksjeDe oarsprong fan dy mienskipsfoarm lei yn it ierkristlike Egypte en Palestina fan de 4e iuw. De delsettings dêr fan hearemiten yn de wyldernis wiene it begjin: it earste lavra waard yn 328 of 335 troch Chariton de Belider yn de Sinaï stifte. In twadde stifte er yn Pharan yn de buert fan de Jordaan. Syn foarbyld waard letter folge troch û.o. Euthymius de Grutte, Gerasimus en Sabbas.
Gerasimus joech syn laura de regels dat muontsen tenei in mienskiplik libben folgje moasten. As hja geskikt wiene krigen se in sel tawiisd, dêr't se fiif dagen sûnder fjoer en sean iten yn strikte stilte wurkjend en biddend trochbrochten. Saterdeis en sneins kamen se dan tegearre foar waarm iten mei wat wyn en om de eucharisty te fieren.
Fan de mear as 130 kleasters yn Palestina foelen der yn de 4e iuw oant de 7e iuw teminsten twintich ûnder de kategory lavra. Tige ferneamd wie njonken it laura fan Pharan it troch Sabbas stifte Mar Saba, ien fan de âldste kleasters fan de Kristenheid dat troch de iuwen hinne hast altiten funksjonearre hat.
Doe't it kleasterwêzen in grutte flecht naam waard it wurd laura troch otterdokske kleasters oernommen, lykas by it Kleaster Megisti Lavra op Atos. Ek roomsk-katolike (fral uniearre) kleasters mei in eastersk-otterdokse skiednis kinne de titel "lavra" drage.
Earetitel
bewurkje seksjeYn de Russysk-Otterdokske Tsjerke wurdt it wurd lavra as earetitel brûkt foar tige wichtige kleasters:
- Trije-ienheid-Sergius Lavra
- Aleksander Nevski Lavra
- Petsjersk Lavra
- Potsjajiv Lavra
- Svjatohirsk Lavra
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Lawra |