It Potsjajiv Lavra (Oekraynsk: Свято-Успенська Святогірська лавра; Svjato-Uspenska Svjatohirska lavra) yn it stedsje Potsjajiv is it op ien nei grutste kleaster fan Oekraïne.

Potsjajiv Lavra
Marije-Himelfeart- of Untsliepeniskatedraal
Marije-Himelfeart- of Untsliepeniskatedraal
Lokaasje
lân Oekraïne
oblast Ternopil
plak Potsjajiv
koördinaten 50° 0' N 25° 30' E
Kleastergegevens
denominaasje Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (patriargaat Moskou)
Ynformaasje bou
boujier 18e iuw, 20e iuw, 21e iuw
boustyl barok
Webside
Side fan it lavra
Kaart
Potsjajiv Lavra (Oekraïne)
Potsjajiv Lavra

Oant 23 novimber 2018 wie it kleaster yn besit fan it bisdom Ternopil-Kremenets fan 'e Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke (patriargaat fan Moskou), mar de Oekraynske oerheid hat it weromjaan fan de gebouwen yn 2003 weromdraaid en se oerdroegen oan it Kremenets-Potsjajiv Histoarysk-Arsjitekturaal Steatsmuseum.

Yn 2018 wennen yn it lavra likernôch 200 muontsen en 50 novisen.

Stifting bewurkje seksje

Neffens de oerlevering waard it kleaster stifte troch muontsen fan it Petsjersk Lavra, dy't yn 1240 flechtsje moasten foar de Tataren. In earste fermelding fan it kleaster datearret fan 1527.

 
Sint-Job fan Potsjajiv
 
Ynterieur Marije-Himelfeartkatedraal

Doe't yn 1596 yn 'e stêd Brest, dat doe diel útmakke fan it Poalsk-Litousk Mienebest, de oergong fan 'e Otterdokske Tsjerke nei dy fan Rome bekend makke waard troch de foarming fan in tsjerklike uny, fersette it kleaster him fûl tsjin dat beslút en waard it in sterk spiritueel sintrum fan 'e otterdoksy. Yn 1597 krige it kleaster fan 'e lokale lâneignaresse Anna Hojska in grut stik lân en in mirakuleus ikoan fan 'e Mem Gods. Yn 1649 folge de bou fan in nije stiennen tsjerke foar it kleaster.

De bloeitiid fan it kleaster foel yn 'e earste helte fan de 17e iuw, wat te tankjen wie oan de komst fan hegumen Ivan Ivanovitsj Zjeleza, dy't as monastike namme Job hie. Hy fierde herfoarmings troch en in strikt monastyk libben.

Op 2 augustus 1675 nadere in grut Turksk-Tataarsk leger ûnder lieding fan khan Nurredin, dat de delsetting fan trije kanten omsingele. De ynwenners fan oanbuorjende delsettings flechten allegear nei it kleaster, dat yn dy tiid net in goede ferdigening en allinne in houten ôffreding hie. Hegumen Josif Dobromirsky oertsjûge de bruorren en leken om by de ferdigening fan it kleatser de foarbea te freegjen oan 'e Allerhilligste Jongfaam en de hillige muonts Job fan Potsjajiv en in hymne foar Us-Leaffrouwe te sjongen. Mei de earste wurden fan de hymne ferskynde neffens de oerlevering de Mem Gods yn it fermidden fan ingels mei swurden. Ek Job fan Potsjajiv wie te sjen en hy bûgde him foar Marije om te bidden foar de beskerming fan it kleaster. De Tataren seagen it himelske leger en begûnen op de Mem Gods en de abt te sjitten, mar de pylken kearden en ferwûnen dyjingen dy't se ôfsketten hiene. Se besochten it kleaster te bestoarmjen, mar it leger stoarte yn gaos en begûnen yn 'e betizing dy't folge inoar te deadzjen. De ferdigeners fan it kleaster seagen harren kânsen no, setten de achterfolging yn en namen in soad oanfallers finzen. Guon finzenen namen it kristlike leauwe oan en bleaune foar altiten yn it kleaster.

It lavra as Gryksk-katolyk kleaster bewurkje seksje

 
Nikolaas Pototski.

Fan 1713 oant 1831 waard it kleaster Gryksk-katolyk, mar sels yn dy drege tiid lei it kleaster 539 wûnders fêst, dy't tarekkene waarden oan it fereare otterdokse ikoan. Sa barde it yn 'e twadde helte fan 'e 18e iuw dat de ealman en uniaat, greve Nikolaas Pototski, syn koetsier der fan beskuldige dat er mei wylde hynders it reau omfier riden hie. De lilke greve pakte it gewear om him del te sjitten, mar de koetsier kearde him nei de heuvel fan Potsjajiv, stiek de hannen omheech en rôp om de beskerming fan de Mem Gods fan it Potsjajiv-ikoan. Pototski skeat en dêrnei noch in pear kear, mar it wapen dat nea wegere hie skeat jimmeroan mis en de koetsier bleau yn libben. Pototski seach it as in teken en hy naam it beslút himsels en syn hiele besit oan de fierdere útbou fan it kleaster te jaan.

De grûn fan it kompleks is terrasfoarmich oanlein en de grûn wurdt jimmeroan wat heger nei de belangrykste tsjerke fan it lavra: de Marije-Himelfeart- of Untsliepeniskatedraal (1771-1791). De katedraal hat in gevel mei twa tuorren; typysk foar de katolike tradysje. De komposysje mei de sintrale koepel op in achthoekige tamboer twa sydtuorren is yn oenrienstimming mei de bêste foarbylden fan 'e Oekraynske barok. Pototski, dy't de katedraal finansiearre hie, waard nei syn dea yn 'e katedraal begroeven.

Sûnt 1730 is der in printerij yn it kleaster.

It kleaster wurdt wer otterdoksk bewurkje seksje

 
Katedraal fan de Trije-ienheid.

Yn 1831, nei it delslaan fan 'e Poalske Opstân fan 1830-1831, waard it kleaster mei in dekreet fan tsaar Nikolaas I wer in russysk-otterdoks kleaster. Yn 1833 krige it kleaster de status fan lavra, it fjirde lavra fan it Russyske Ryk. Yn 1842 waard yn opdracht fan grevinne Anna Orlova-Tsjesmenskaja in sulveren skryn makke foar de Tsjerke fan 'e Hillige Trije-ienheid makke, dêr't de reliken fan 'e abt Job yn lizze. Yn 'e jierren 1861-1869 waard in 65 meter hege neobarokke klokketoer boud; folge troch de bou fan de Trije-ienheidkatedraal yn 1906 yn 'e styl fan 'e âlde Novgorod-tsjerken. Eastenryksk-Hongaarske troepen besetten yn de jierren 1915-1916 it lavra; in tal muontsen waarden op in pear nei dy't ûnderdûkten by lokale bewenners nei in finzenenkamp stjoerd. Nei de befrijing yn 1916 troch Russyske troepen waard it monastike libben wer oppakt en kearde de rêst werom.

Sovjet-ferfolging bewurkje seksje

Op 1 septimber 1939 foel Hitler-Dútslân Poalen binnen. Wat letter, yn it midden fan septimber, besette de Sovjet-Uny it eastlike diel fan Poalen. It lavra, dat yn dy tiid binnen de grinzen fan it foaroarlogske Poalen lei, kaam no te lizzen yn it troch de Sovjet-Uny besette gebiet en krige no ek te meitsjen mei anty-religieuze polityk fan de kommunisten. De Sovjet's plonderden it kleaster; it reau, de masines, it fee en de foarrieden, alles waard meinommen. Ek de skoallen binnen de kleastermuorren holden op te bestean. De novisen en jonge muontsen waarden út it lavra ferballe; allinne de âldere muontsen mochten bliuwe. Dêrmei sakke it tal ynwenners fan it lavra fan 300 oant 80.

 
Seminaarje.

Under de anty-religieuze kampanje yn 'e tiid fan Nikita Chrûsjtsjov sette in nije ferfolgingsweach útein. De nije ferfolgings setten yn 1958 útein mei in foarse ferheging fan 'e belestings, dy't al yn 1945 ynsteld wiene. Foar it Potsjajiv Lavra betjutte dy maatregel, dat it foar de 10 hektare boulân 400.000 roebel ôfdrage moast. Sûnt 1961 lieten autoriteiten beslach lizze op meardere gebouwen. Yn it seminaarje, dat oan 'e trep nei de Hillige Poarte stiet, brochten de kommunisten in "Museum foar Ateïsme" ûnder, sadat gjin pylger it misse koe. It ûnderkommen foar de pylgers waard yn in psychiatryske klinyk transformearre. It kleaster mocht boppedat gjin minsken mear ynhiere foar it wurk op it lân. Ek fûnen nije plonderings plak en weardefolle saken en boeken ferhûzen nei musea. Om't it ferbean wie om novisen ta te litten yn it kleaster, bleaune der allinne âlde muontsen oer, dy't it wurk net mear oan koene. Jeften fan otterdokse minsken holden it kleaster noch wat op 'e fuotten, mar yn in dekreet fan 16 oktober 1961 waarden alle organisearre pylgerreizen nei hillige plakken ferbean, hotels dêr't pylgers ferbliuwe koene waarden sletten en it wie ek ferbean om yn 'e kleastertsjerken de nacht troch te bringen. Om't alle maatregels om kleasters deabloedzje te litten mislearren, gyngen de autoriteiten oer op it útoefenjen fan direkte druk op elts, dy't mei it lavra te krijen hie. De KGB en plysje brûkten fysike en psychologyske narderijen foar de muontsen: sûne muontsen waarden twongen om opnommen te wurden yn psychiatryske kliniken, der waarden net-besteande en optochte besmetlike syktes útfûn, muontsen dy't net geskikt wiene om tsjinst te dwaan yn it leger waarden oproppen of se waarden mishannele en nei kampen stjoerd.

 
Klokketoer.

It tal muontsen yn it lavra wie yn 1961 dramatysk sakke; nei in pear jier ferfolging wiene der noch mar 35. It kleaster bleau lykwols iepen, itjinge mooglik te tankjen wie oan it feit dat it lavra net yn in grutte stêd, mar op in frijwat isolearre lokaasje stie. Ek yn 'e jierren 1970-1980 bleau der noch in foarm fan narderij bestean fan 'e kant fan 'e oerheid en de KGB. Bekend is dat noch yn 1985 de heechste amtenaren yn Kiëv opdracht joegen om alle bustsjinsten nei it lavra te annulearjen, sadat de minsken dêr gjin Peaske fiere koene.

Nije tiid bewurkje seksje

Yn 1988 reizgen tûzenen pylgers nie it lavra om it millenium fan it kerstenjen fan Ruslân te fieren. Sûnt dy tiid krige it lavra sûnt lange tiid wer tastimming om wer jonge novisen en nije muontsen op te nimmen. It tal bruorren woeks wer oan en it kleaster naam wer it plak yn fan ien fan 'e belangrykste kleasters yn 'e otterdokse wrâld.

Op 5 augustus 1990 besocht foar it earst yn 'e skiednis de krekt keazen Moskouse patriarch Aleksi II it lavra yn it ramt fan it 750-jierrich jubileum fan 'e stifting fan it kleaster. It kleaster naam wer de taak op om de bern en jongerein te ûnderwizen en der waard in bernekoar stifte om de tsjinsten op te fleurjen.

Yn 'e Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke wie lykwols in beweging fan biskoppen ûntstien dy't nei in folslein selsstannige status fan 'e Oekraynske otterdoksy stribbe en de bannen mei it patriargaat fan Moskou trochsnije woe. Ek it kleaster waard troffen troch dy nije ferdieldheid, doe't de doedestiidske abt syn ideeën oer in fan Moskou ûnôfhinklike Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke út de doeken die. De muontsen fan it kleaster wiene lykwols net foar syn plannen te rissen en de saak rekke op skerp doe't de abt jimmeroan mear syn eigen gong gyng. De tsjinstellings kamen ta in hichtepunt en de abt waard frege it kleaster te ferlitten.

Under syn opfolgers krige it lavra dielen fan it eardere lânbesit werom, gebouwen waarden werom jûn, de psychiatryske klinyk wer frij makke foar de pylgers en yn it eardere Museum foar Ateïsme in teologyske skoalle ûnderbrocht. De Himelfeartkatedraal en de klokketoer waarden restaurearre en de tunen en omjouwing fan 'e Trije-ienheidskatedraal opknapt. Sûnt 1997 is it lavra stauropegiaal, dat wol sizze dat it fuort ûnder de jurisdiskje fan de metropolyt fan Kiëv en hiel de Oekraïne falt.

Yn 2011-2013 waard mei de bou fan de Transfiguraasjekatedraal in tredde katedraal oan it kompleks tafoege.

Hjoeddeiske status bewurkje seksje

Yn 2002 ûntstiene der nije swierrichheden foar it lavra mei't yn 2002 de autoriteiten fan 'e oblast Ternopil it Kremenets-Potsjajiv Histoarysk-Arsjitekturaal Steatsmuseum stifte. Ek it lavra moast dêr diel fan útmeitsje, mar op fersyk fan 'e muontsen helle it bestjoer 12 fan 'e 18 kleastergebouwen by dat museum wei, dy't de Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (patriargaat fan Moskou) werom krige. De muontsen krigen foar dy gebouwen in hieroerienkomst foar 49 jier oant 1 jannewaris 2052.

Yn april 2015 fersocht de ried fan 'e oblast president Arseni Jatsenjûk om it kleaster út hannen fan 'e Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (partriargaat fan Moskou) te heljen en by it museum te foegjen, nei't yn july 2014 de regionale oerheid de premier al oproppen hie om de besteande hieroerienkomst te ûntbinen.[1]

Patriarch Filaret fan 'e yn 2018 fusearre Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke (patriargaat fan Kiëv) easke yn dat jier de by it patriargaat fan Moskou oansletten lavra's Petsjerk en Potsjajiv op foar de selsstannige Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke, ek al wiene de muontsen fan it lavra noch altiten loyaal oan it patriargaat fan Moskou.[2] Op 5 jannewaris 2019 folge de offisjele erkenning fan 'e autosefale Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke troch it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel.

Noch yn 'e hjerst fan 2018 draaide it Oekraynske Ministearje fan Kultuer it beslút fan 2003 werom, dat de weromjefte fan de kleastergebouwen oan 'e Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke fan it Moskouse patriargaat regele. De gebouwen waarden no wer oerdroegen oan it Kremenets-Potsjajiv Histoarysk-Arsjitekturaal Steatsmuseum.[3] De reaksje fan abt Vladimir fan it lavra wie dat noch it ministearje, noch it museum, mar de Mem Gods oer it kleaster hearske.[4]

Yn novimber 2022 diene de Feilichheidstsjinst fan Oekraïne en de Nasjonale Garde fan Oekraïne in ynfal yn it lavra. Dy ynfal makke ûnderdiel út fan mear hûssikings troch Oekraynske wetshanthavers yn 'e gebouwen fan 'e oan it patriargaat fan Moskou loyale Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke. It bureau fan 'e Hege Kommissaris foar de Minskerjochten (OHCHR) neamde dy hûssikings diskriminearjend.[5]

Yn jannewaris 2023 easke de Oekraynske Gryksk-Katolike Tsjerke it rjocht op om yn it lavra dêr harren tsjinsten te fieren. Yn febrewaris 2023 ûndersocht in wurkgroep fan 'e regionale oerheid de legitimiteit fan it gebrûk fan it lavra troch de oan Moskou loyale kleastermienskip. In moanne letter frege de Otterdokse Tsjerke fan de Oekraïne om it lavra oan har ta te wizen. Tagelyk rôp de Otterdokse Tsjerke fan de Oekraïne de muontsen op om harren by har organisaasje oan te sluten.[6][7]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Почаевская лавра