Svjatohirsk Lavra

It Svjatohirsk Lavra of it Hillige Himelfeart Lavra (Oekraynsk: Свято-Успенська Святогірська лавра; Svjato-Uspenska Svjatohirska lavra) is in kleaster fan de Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke (patriargaat Moskou) yn Svjatogorsk yn 'e East-Oekraynske oblast Donetsk.

Svjatohirsk Lavra
Lokaasje
lân Oekraïne
oblast Donetsk
plak Svjatogorsk
koördinaten 49° 1' N 37° 34' E
Kleastergegevens
denominaasje Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (patriargaat Moskou)
Ynformaasje bou
boujier Sûnt de 16e iuw (Grottsjerke); 19e iuw, 21e iuw
Kaart
Svjatohirsk Lavra (Oekraïne)
Svjatohirsk Lavra

It kleaster stiet op krytrotsen oan 'e rjochter igge fan 'e Seversky Donets yn it Nasjonale Park Hillige Bergen. Njonken de gebouwen binne der ek romtes yn 'e kalkrotsen sels.

It kleaster krige yn 2004 de status fan lavra; fan 'e muontsen dy't ea yn it kleaster wennen, waarden der 17 hillich ferklearre.

By it kleaster hearre ferskillende hermitaazjes. It lavra en de hermitaazjes hawwe nei de Russyske ynfaazje yn 2022 slim te lijen hân fan oarlochsgeweld. In pear hermitaazjes binne sels folslein ferneatige, oare hermitaazjes en it lavra sels rekken slim skansearre.

Neffens de tradysje setten de earste muontsen harren yn 'e 14e of 15e iuw op it plak nei wenjen. De earste skriftlike fermelding fan it gebiet "Hillige Bergen" datearret fan 1526 en stiet yn oantekenings fan 'e imperiale ambassadeur Sigismund Herberstein. Under de jurisdiksje fan it kleaster foel ek it tsjintwurdich net mear aktive Gorochovatsky-kleaster yn 'e oblast Charkov. It kleaster lei yn 'e 'Wylde Fjilden', it doedestiidske lege gebiet tusken Ruslân en it Krim-Kanaat en waard ferskate kearen oanfallen en plondere troch de Krimtataren. Yn 'e twadde helte fan 'e 18e iuw ferlear it kleaster de ferdigeningsfunksje en hie it in grut lânbesit.

 
Oersicht.

Yn 1787 liet Katarina de Grutte it kleaster slute. It lânbesit waard sekularisearre en yn 1790 oan Katarina's favoryt prins Grigori Potjomkin jûn. Twa fan 'e kleastertsjerken, de Marije-Himelfearttsjerke en de Sint-Nikolaastsjerke op 'e rots, waarden parochytsjerken, de oare gebouwen waarden ôfbrutsen. It lân bleau yn besit fan 'e famylje Potjomkin en sânenfytich jier letter, yn 1844, soarge ien fan syn erfgenamen, Aleksander Michailovitsj Potemkin en syn frou Tatiana, foar in weroplibbing en de weropbou fan it kleaster.

De folgjende santich jier waard it kleaster ien fan de grutste kleasters yn it Russyske Ryk. It wie in drokte fan belang en der stienen mûnen, ateliers en hannelshûzen. Ek de bysûnder moaie lokaasje loek in soad pylgers. Tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw waard by it plak fan it treinûngelok mei de keizerlike famylje yn it doarp Borki in úthôf boud mei de Kristus de Ferlosserkatedraal. Oant it útbrekken fan 'e Earste Wrâldkriich wennen der likernôch 600 muontsen yn it kleaster.

 
De Sint-Nikolaastsjerke.

Mei de politike feroarings fan 1917 brieken foar it Svjatohirsk-kleaster minne tiden oan. It plonderjen fan 'e gebouwen begûn al yn jannewaris 1918.

It lot fan it kleaster waard û.o. kedize troch de stifter fan 'e Sovjet-republyk Donetsk-Krivoj Rog, Fjodor Sergejev, ek bekend ûnder de namme "kammeraad Artjom". Hy behoede oan 'e iene kant de wichtichste tsjerken foar de ferneatiging, mar liet oan 'e oare kant de Himelfeartkatedraal ta bioskoop ferbouwe en op it eardere plak fan it alter toiletten delsette.

Yn 1922 kaam der in ein oan it monastike libben en waard it kleaster opheft.

Nei de fal fan 'e Sovjet-Uny waard it kleaster yn 1992 op 'e nij iepene. It begjin wie beskieden: in preester tegearre mei fjouwer jonge novisen út Donetsk. Doe't yn 1995 it tal muontsen tanaam waard útein set mei de restauraasje fan 'e skeinde tsjerken en gebouwen fan it kleaster.

Fanwegen de histoaryske rol dy't it kleaster spile, de opmerklike weroplibbing fan it kleaster en de geunstige ynfloed op it spirituele libben fan 'e regio naam de Hillige Synoade fan de Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke op 9 maart 2004 it beslút om mei de segen fan patriarch Aleksi it kleaster de status fan "lavra" te ferlienen. Dêrmei is Svjatohirsk nei Kiëv-Petsjersk en Potsjajiv it tredde otterdokske lavra fan Oekraïne.

Tsjintwurdich is it lavra wer in wichtich spiritueel sintrum fan 'e otterdoksy yn East-Oekraïne en Súd-Ruslân. De âldste tsjerke is de 17e iuwske Grottsjerke fan Sint-Jan de Doper. Alle sekularisearre gebouwen, foaral 19e iuwske, binne yntusken werom jûn en restaurearre. Ek binne der nei de weriepening nije kapellen en tsjerken oan it kompleks tafoege.

Ek de ûnder de jurisdiksje fan it kleaster fallende Alderheljenhermitaazje mei de houten Alderheljentsjerke waard nij libben ynblaasd. It waard oant de ferneatiging fan 'e tsjerke yn 2022 beskôge as in monumint fan houten arsjitektuer.

Russyske ynfaazje

bewurkje seksje
 
De lavrakatedraal nei de Russyske ynfaazje (2024).

By de Russyske ynfaazje fan 'e Oekraïne yn 2022 flechten in soad boargers nei it kleaster om te skûljen foar de oarloch. In Russyske loftoanfal op de tichtebylizzende brêge oer de Donets brocht ek skea oan it kleaster. Mei't de ramen sprongen rûnen ferskillende minsken ferwûnings op. By Russyske besjittings yn maaie 2022 waarden ferskillende tsjerken fan it kleaster skansearre.

 
De op 4 juny 2022 ôfbaarnde Alderheljentsjerke fan de Alderheljenhermitaazje.

Op 10 maaie waard bekend dat by Russyske besjittings de tsjerke fan 'e Us-Leaffrouwehermitaazje en de Sint-Joarishermitaazje folslein ferneatige waarden,[1][2], wylst de Sint-Jehannes fan Shanghai-hermitaazje en de Tsjerke fan 'e Hillige Martlers fan it lavra slim skansearre rekken.[3][4]

Op 1 juny kamen twa minsken by it kleaster troch besjittings om it libben.

Op 4 juny 2022 waard rapportearre dat by Russyske besjittings de Alderheljentsjerke fan 'e Alderheljenhermitaazje fan it lavra folslein ôfbaarnde.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Святогорская лавра