Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (foarhinne patriargaat Moskou)

De Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (earder patriargaat Moskou) (Oekraynsk: Українська Православна Церква; Russysk: Украинская Православная Церковь) is in autonome tsjerkemienskip yn Oekraïne mei de sit yn Kiëv.

Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (foarhinne patriargaat Moskou)
It Kiëvske Petsjersk-lavra, sûnt de ûntbining fan 'e Sovjet-Uny de haadsit fan 'e OOT, dat op lêst fan it Oekraynske regear yn maart 2023 folslein romme wurde moast.
It Kiëvske Petsjersk-lavra, sûnt de ûntbining fan 'e Sovjet-Uny de haadsit fan 'e OOT, dat op lêst fan it Oekraynske regear yn maart 2023 folslein romme wurde moast.
wapen of logo
Lokaasje & bestjoer
lân Oekraïne
haadsit Petsjersk-lavra (oant 2023)
haadstreaming Eastersk-otterdoksy
titel primaat Metropolyt fan Kiëv en hiel Oekraïne
namme primaat Onufrius
bertenamme Orest Volodymyrovytsj Berezovsky
Gegevens
oprjochte 1990
ôfsplitsing fan Russysk-Otterdokse Tsjerke
Sifers
tal bisdommen 59 (2022)
tal parochy's 8.498 (2022)
tal kleasters 161 (2022)
ledetal 14% fan 'e befolking [1]
Oars
tsjerketaal Tsjerkeslavysk, Oekraynsk
liturgy byzantynske ritus
hiemside pravoslavye.org.ua

Yn 988 waard yn 'e Kiëvske Rûs de Otterdokse Tsjerke as diel fan it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel stifte. Doe't it gebiettroch it katolike Poalsk-Litouske Mienebest beset waard, ûnstie der yn 'e Otterdokse Tsjerke in skuorring en waard de Gryksk-Katolike Tsjerke stifte. De Gryksk-Katolike Tsjerke hâldt de byzantynske ritus oan, mar erkend de paus yn Rome as haad fan 'e tsjerke. Sûnt 1795 hearde it noardlike diel fan 'e Oekraïne by it Russyske Keizerryk en dêrmei by de Russysk-Otterdokse Tsjerke.

Skuorring 1920

bewurkje seksje

Yn it stribjen nei mear autonomy ûnstie yn 'e jierren 1920 de Autosefale Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke, dy't yn 2018 fusearre mei de Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke fan it Kiëvske Patriargaat.

Under it kommunistyske rezjym waarden alle tsjerken mei de Gryksk-otterdokse ritus yn 'e Oekraynske Sosjalistyske Sovjetrepublyk ûnder it gesach fan it eksargaat fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke set, ek de Uniearre Gryksk-Katolike Tsjerke. Yn maart 1946 waard troch in yn sêne setten synoade de Uny fan Brest út 1596 opsein.

Skuorring 1991

bewurkje seksje
 
Oandiel fan 'e Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke fan it Patrarchaat Moskou yn 'e religieuze befolking fan 'e Oekraïne (sitewaasje yn 2006).

Nei de ûnôfhinklikens fan Oekraïne yn 1991 krewearre in diel fan 'e geastliken foar in selstannige Oekraynske Otterdokse Tsjerke en spjalte in diel fan 'e Oekraynske geastlikheid him ôf fan 'e besteande Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke. Sa ûntstie njonken in ûnder it patriargaat fan Moskou fallende OOT in apart tsjerkegenoatskip mei in eigen patriargaat yn Kiëv, dat de Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (patriargaat Kiëv) neamd waard. It diel dat net mei gie waard tenei oantsjut as de Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (patriargaat Moskou). De oant it patriargaat fan Moskou loyale OOT hold in autonome status, wie foar in grut part selsstannich en hie fierder allinne by it beneamen fan persoaniel mei Moskou te krijen. De oanhing fan 'e by it partriargaat fan Moskou oansletten parochy's is benammen yn it easten fan it lân te finen, dêr't in soad Russen wenje.

Sitewaasje 2018

bewurkje seksje

Yn feite bestiene der yn 2018 yn Oekraïne trije grutte otterdokse tsjerkemienskippen:

  • de Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (patriagaat Moskou);
  • de Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (patriargaat Kiëv);
  • de Autosefale Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke.

De Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (patriargaat Kiëv) fusearre op 15 desimber 2018 mei de Autosefale Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke.

Swierrichheden ûntstiene oer bygelyks de kanonike legitimiteit en oer de fraach oan wa't it ûnreplik guod lykas de tsjerken en kleasters takomme. Dêrnjonken is der ek noch ris striid mei de Oekraynsk-Katolike Tsjerke, dy't wol in byzantynske ritus folget, mar de paus fan Rome oan it haad hat.

De Oekraynske oerheid bemuoit him aktyf mei religieuze saken en set de oan Moskou loyale tsjerken yn it lân ûnder druk om harren oan te sluten by de nije Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (patriargaat Kiëv). Doe't bekend waard dat it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel de nije tsjerke erkenne soe, joech de Oekraynske oerheid de feilichheidstsjinsten opdracht om ynfallen te dwaan yn tsjerken, dy't wegeren de bannen mei Moskou troch te snijen. Tsjerklike saken waarden yn beslach nommen en metropolyt Pavel fan it Petsjersk-lavra liet witte dat preesters en biskoppen yntimidearre waarden.[2]

Yn jannewaris 2019 erkende it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel de ûnder it patriargaat fan Kiëv fallende OOT. Yn 'e selde moanne twong de Oekraynske oerheid de oan it patriargaat fan Moskou loyale OOT mei in wet it wurd "Russysk" yn har namme op te nimmen.[3]

Nei de Russyske ynfaazje fan 2022

bewurkje seksje

Nei de Russyske ynvaazje fan 2022 yn Oekraïne ferbriek de Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (patriagaat Moskou) fuort alle bannen mei de Russysk-Otterdokse Tsjerke (ROT). Allinne de bisdommen De Krim, Donetsk en Lûhansk wegeren de bannen mei de ROT te ferbrekken.[4] Op 5 desimber 2022 folge in wettelik ferbod fan it Oekraynske regear foar de OOT om op hokker wize ek kontakt te hawwen mei it patriargaat yn Moskou.[5]

De oerheid docht sûnt 2022 regelmjittich ynfallen yn tsjerken en kleasters fan 'e OOT en der waarden in grut tal strafsaken tsjin geastliken iepene. Ek wurde der regelmjittich tsjerken en sels kleasters fan 'e OOT sletten. De OOT hie oant 2023 syn haadsit yn it Kiëvske Petsjersk-lavra, mar it Oekraynske ministearje fan Kultuer sommearre de OOT om foar 29 maart 2023 it Kiëvske Petsjersk-lavra te ferlitten. De OOT wiist alle beskuldigingen fan it Oekraynske regear fan 'e hân en seit dat it in slachtoffer is fan in politike heksejacht.[6]

It Oekraynske regear wol dat de parochy's fan 'e OOT fan it eardere Moskouse patriargaat oerstappe nei de OOT fan it Kiëvske patriargaat, mar de wjerstân is grut en der wurdt geweld brûkt tsjin oanhingers fan 'e OOT, dat de Oekraynske oerheid troch de fingers sjocht. Sa omsingelen leden fan 'e Oekraynske feilichheidstsjinst, de Nasjonale Garde en paramilitêren 16 novimber 2023 it kleaster fan de Berte fan 'e Hillige Mem Gods yn Tsjerkassy.[7] It kleaster waard op 20 novimber 2023 mei geweld yn beslach nommen, otterdokse preesters en parochianen waarden yn inoar slein en om opnames tefoarren te kommen waarden de mobyltsjes fan oanwêzigen stikken wâde.[8] De oerfallers fernielden saken, easken goud en jild en ferdielden de buit ûnder inoar en de abt en de muontsen waarden it kleaster útset. Ferskillende slachtoffers moasten behannele wurde yn it sikehûs, mar Oekraynske nasjonalisten blokkearren alle tagongen nei it sikehûs.[9]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: