Aleksander Nevskikatedraal (Jekatarineburch)

De Aleksander Nevskikatedraal (Russysk: Александро-Невский собор; Aleksandro-Nevski Sobor) is in otterdokse katedraal en in klassisistysk monumint yn Jekaterineburch, Ruslân.

Aleksander Nevskikatedraal

Александро-Невский собор

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Sverdlovsk
plak Jekaterineburch
koördinaten 56° 49' N 60° 35' E
Arsjitektuer
arsjitekt Michaíl Pavlovitsj Malakhov
boujier 1838-1854
boustyl Klassisisme
monumintale status Kultureel monumint
monumintnûmer 661710776280006
Webside
www.sestry.ru
Kaart
Aleksander Nevskikatedraal (Jeropeesk Ruslân)
Aleksander Nevskikatedraal

Skiednis bewurkje seksje

Yn 1809 tekene tsaar Aleksander I it dekreet foar it stiftsjen fan it Novo-Tichvinkleaster yn Jekaterineburch. Besletten waard om de belangrykste tsjerke te wijen oan Aleksander Nevski, de beskermhillige fan 'e tsaar. Yn 1814 waard útein set mei de bou fan 'e katedraal, mar nei twintich jier fertoande de katedraal boukundige gebreken en it tal nonnen wie sûnt boppedat foars tanommen, dat der moast in gruttere tsjerke komme.

De hjoeddeiske katedraal datearret út de jierren 1838-1854 en waard ûnder lieding fan 'e arsjitekt Michaíl Pavlovitsj Malakhov yn klassisistyske styl boud. It jild foar de bou wie der net, dus de nonnen gyngen mei de ikoan fan Us-Leaffrou-fan-Tichvin by de stêden en doarpen del om donaasjes foar de katedraal te freegjen. Ek keaplju en eigners fan fabriken droegen by oan 'e bou fan 'e nije katedraal.[1]

De katedraal yn de Sovjet-tiid bewurkje seksje

Yn 1921, nei't it Novo-Tichvinkleaster troch de nije autoriteiten sletten wie, waard de katedraal in gewoane parochytsjerke. Yn 1930 folge ek de sluting fan 'e tsjerke sels. Noch itselde jier waard it tsjerkhôf dat om de katedraal lei opheven en romme. It eardere kleaster krige yn 1942 in militêre bestimming en de tsjerke waard ferboud troch û.o. de ynbou fan meardere ferdjippings. Sûnt 1961 waarden de romten yn 'e katedraal brûkt foar de opslach fan museumstikken.

De renêssânse fan de katedraal bewurkje seksje

Yn 1990 begûn de renêssânse fan de katedraal. De otterdokske mienskip frege yn 1991 om 'e weromjefte fan 'e katedraal oan 'e Russysk-otterdokske Tsjerke. Nei in hongerstaking fan in moanne waard op 10 september 1991 it beslút nommen hjir gefolch oan te jaan. Foar it earst sûnt de sluting yn 1930 waard yn in diel fan 'e katedraal wer in earetsjinst fierd. Sûnt 1994 waard ek it monastike libben wer oppakt en yn itselde jier waard de ikoan fan 'e Teotokos-fan-Tichvin fanút de Jehannes de Doperkatedraal, dy't yn 'e Sovjet-tiid nea sletten wie, plechtich nei de Alekander Nevskikatedraal oerbrocht.

Tsjintwurdich is de hiele katedraal oerdroegen oan it otterdokse bisdom Jeketarineburch. Sûnt is ek de katedraal werom brocht yn 'e oarspronklike steat. De muorrebeskilderingen fan 'e katedraal wiene eartiids ferneamd, mar koene net mear rekonstruearre wurde. Likernôch sechtich skilders brochten dêrom nije fresko's yn 'e tsjerke oan. Op 19 maaie 2013 wijde patriarch Kirill de rekonstruearre katedraal op 'e nij yn.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Александро-Невский собор (Екатеринбург)