Alessandra Ambrósio
Alessandra Corine Ambrósio (Rio Grande do Sul, Brazylje, 11 april 1981) is in Braziljaansk model. Sy is 1.78 m, waacht 51 kg, hat brún hier en brune eagen.
Libbensrin
bewurkje seksjeAmbrósio har âlden binne fan Italaanse en Poalske komôf en hawwe har eigen tankstation. Ambrósio wie noch mar acht jier doe't hja besleat om model te wurden.
Har earste baan wie in opdracht foar it Braziljaanske moadeblêd Elle. Sûnt hat hja wurke foar Revlon, Christian Dior, Giorgio Armani, Rolex, Oscar de la Renta, Gucci, Calvin Klein en Ralph Lauren. Ek hat de op de catwalk rûn foar Prada, Christian Lacroix, Fendi, Christian Dior, Ralph Lauren, Giorgio Armani, Vivienne Westwood en Oscar de la Renta. Hja hat goed 50 kear op it omslach fan grutte moadeblêden te sjen west.
Ambrósio is it meast bekend fan har wurk foar Victoria's Secret en waard keazen as it earste spokesmodel foar in line fan it bedriuw yn 2004. Sy ferkynde foar it earst op Victoria's Secret Fashion Show yn 2000.
Yn 2006 hie Ambrósio in figuranteroltsje yn 'e James Bond-film Casino Royale. Letter hie se ek in lyts roltsje yn 'e komeedzjefilm Daddy's Home, út 2015, en in grutterenien yn it ferfolch Daddy's Home 2, út 2017.
Op 24 augustus 2008 krigen Ambrósio en har ferloofde, de Kalifornyske sakeman Jamie Mazur, har earste bern.