Alexander Albon Ansusinha (Londen, 23 maart 1996) is in Taisk koereur. Hy is de soan fan de eardere Britske autokoereur Nigel Albon, syn mem komt fan Tailân. Hy hat sadwaande sawol de Taiske as de Britske nasjonaliteit, mar komt út foar Tailân. Albon makke yn 2019 syn debút foar Toro Rosso yn de Formule 1 letter dat jier promovearre Alexander al nei Red Bull Racing om't Pierre Gasly fanwegen teloarstellende resultaten weromset waard. Ein fan it seizoen yn 2020 waard bekent dat er yn 2021 gjin plak foar Albon mear wie yn it team fan Red Bull Racing. Septimber 2021 waard dúdlik dat Alexander Albon yn 2022 weromkeare sil yn de Formule 1 en ride soe foar it team fan Williams. By de wedstriid yn Itaalje, moast Albon him weromlûke fanwegen in blinetermûntstekking. Hy waard yn Itaalje ferfongen troch Nyck de Vries.

Alexander Albon
Formule 1
Alexander Albon (2019)
Alexander Albon (2019)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alexander Albon Ansusinha
nasjonaliteit Taisk
Britsk
bertedatum 23 maart 1996
berteplak Londen
etnisiteit Ingelsk
Formule 1 karriêre
jieren aktyf 2019 - 2020
2022 -
autonûmmer 23
Teams Toro Rosso (2019)
Red Bull Racing (2019-2020)
Williams (2022-no)
Tal races 60 (59 starts)
Tal poadia 2
2019 2020 2022 2023 Totaal
Oantal races 21 17 22 60 (59 starts)
Oantal oerwinningen 0 0 0 0
Oantal pole-posysjes 0 0 0 0
Oantal fluchste omgongen 0 0 0 0
Oantal Poadiumplakken 0 2 0 2
WK-punten 92 105 4 201
Einstân WK 8 7 19

* Seizoen noch dwaande.

Keppeling om utens

bewurkje seksje