Aleksander fan Bruce, greve fan Carrick

Aleksander fan Bruce (Ingelsk: Alexander Bruce, Normandysk-Frânsk: Alexandre de Brus, Skotsk-Gaelysk Alasdair Bruis; 1??? – Halidon Hill, 19 july 1333) wie in Skotsk ealman dy't oan heitekant ek fan Normandysk en Iersk etnysk komôf wie. Hy wie in omkesizzer fan 'e ferneamde kening Robert I fan Skotlân, en sneuvele yn 1333 yn 'e Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch.

Aleksander fan Bruce
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum ûnbekend
berteplak ûnbekend
stjerdatum 19 july 1333
stjerplak Halidon Hill (Skotlân)
dynasty Hûs Bruce
etnisiteit Normandysk
Skotsk
Iersk
greve fan Carrick
amtsperioade 13291333
foargonger David
opfolger Robert

Aleksander wie de (wierskynlik oerwûne) soan fan Edwert fan Bruce, de jongere broer fan 'e ferneamde Skotske kening Robert I, dy't sels fan 1316 oant 1318 hege kening fan Ierlân wie. Aleksander syn mem wie Isabella fan Strathbogie, de dochter fan Jan fan Strathbogie, greve fan Atholl.

Oer Aleksander is net sa'n bjuster soad bekend. Hy krige yn 1329 de titel greve fan Carrick taparte, dy't syn heit foar him droegen hie. Nei syn heite dea yn 'e Slach by Faughart, yn 1318, wie dy wer yn it besit kommen fan Aleksander syn omke, Robert I, en by de berte fan syn neef David II, yn 1324, hie dy de titel krigen. Doe't David yn 1329 syn heit opfolge as kening, waard it greefskip fan Carrick trochskood nei Aleksander. Dêrmei wied er de lêste greve fan Carrick út it Hûs Bruce.

Aleksander spile fierders yn 1332, by it útbrekken fan 'e Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, in ambifalinte rol ûnder de earste ynfal fan 'e troepen fan Edwert fan Balliol yn Skotlân. In skoft lang wied er aktyf as folgeling fan Balliol, mar letter joech er him wer by syn eigen folk. Hy sneuvele op 19 july 1333 yn 'e Slach by Halidon Hill, wylst er oan 'e Skotske kant focht.

Aleksander fan Bruce wie troud mei Eleönoara Douglas, de docher fan 'e beskermhear fan Skotlân Archibald Douglas. Mei har hied er ien dochter, Eleönoara fan Bruce, dy't letter troude mei in Willem fan Cunningham, hear fan Kilmaurs.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.