Ali Raymi (berne as: Ali Ibrahim Ali al-Raimi[18]; Mekka, 7 desimber 1973 - Sana'a, 23 maaie 2015), wie in Jemenitisch bokser en militêr. Hy waard yn 1973 yn Saûdy-Araabje berne as de soan fan Jemenityske ballingen.[19] Hy wûn û.m. in gouden medalje op it WK yn Algerije yn 2005. Raymi wie ûnder syn karriêre in kontroversjeel figuer yn 'e sportwrâld.

Ali Raymi
sporter
Ali Raymi yn 2013.
Ali Raymi yn 2013.
persoanlike bysûnderheden
bynamme God[1][2][3][4][5][6][7][8][9][10][11]
TGE (The Greatest Ever) [12][13][14]
الذات الاسطورية [15]
nasjonaliteit Jemenitisch
bertedatum 7 desimber 1973
berteplak Mekka (Saûdy-Araabje)
stjerdatum 23 maaie 2015
stjerplak Sana'a (Jemen)
lingte 1,73 m
sportive ynformaasje
sport boksen
ûnderdiel fleanwicht
earste titel Jemen, amateurs [16]
debút 2011 (as prof)
karriêre-ein 2015
wichtige prestaasjes
WK Algerije (2005) [17]

Raymi wenne foar 1991 yn Mekka, yn Saûdy-Araabje. Hy ferlear it libben troch in ûntploffing, faaks feroarsake troch in Saûdyske loftoanfal op posysjes fan de Republikeinske Garde yn it Al-Nahdeen distrikt fan 'e Jemenityske haadstêd Sana'a, op 23 maaie 2015, yn de âldens fan 41 jier.[20]

Amateurkarriêre bewurkje seksje

117-2 (KO 117)[21]

Profkarriêre bewurkje seksje

Letter yn 2011, doe't er noch mar achttjin wie, makke Raymi syn debút as profesjoneel bokser yn 'e 54 kategory. Yn totaal focht Ali Raymi as profbokser 25 wedstriden, wêrfan't er 25 wûn (25 troch knock-out) en 0 ferlear.

 
Kolonel Ali Raymi, 2015

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: