Berchgreide

(Trochferwiisd fan Alm (greide))

In berchgreide of alm is in greide yn it heechberchtme. De term "alm" komt út it Dútsk, spesifyk út it Beiersk, dat yn it meastepart fan Beieren, Eastenryk en it Italjaanske Súd-Tiroal sprutsen wurdt. Yn 'e Allemannyske dialekten, dy't yn Switserlân, it grutste diel fan Baden-Wuerttemberch en Foararlberch sprutsen wurde, is de oerienkomstige term Alp, Alpe of Alb, in oantsjutting dêr't de Alpen har namme oan tankje.

De Seiser Alm yn Súd-Tiroal is de grutste hege berchgreide fan Jeropa op in hichte fan 1.680–2.350 m boppe seenivo.

Berchgreiden wurde yn 'e regel simmerdeis brûkt om it fee te weidzjen (almeast kij of geiten, soms skiep of hynders), wylst se by 't winter ûnder in tsjûk pak snie beskûl geane. It binne op-en-deljende stikken lân dy't begroeid binne mei gers en krûden en dy't faak hjir en dêr ûnderbrutsen wurde troch rotsblokken. Se kinne fierhinne horizontaal lizze, mar ek, op in berchskeante, hiel steil wêze. Berchgreiden binne faak troch houtkap yn 'e montane sône fan nullewâld frijmakke lân, troch beweiding frijholden greiden yn 'e subalpine sône of natuerlike gerslannen yn 'e alpine sône.

Behalven de feehoeders en harren bisten dy't de berchgreiden simmerdeis besykje, libje der ek in protte wylde bisten, lykas sniehazzen en marmotten en oare kjifdieren. Yn 1997 hie Eastenryk allinnich al mear as 12.000 berchgreiden dy't noch yn gebrûk wiene by 70.000 saneamde 'almboeren', dy't der simmerdeis likernôch 500.000 stiks fee weiden. Dêrnjonken binne in protte berchgreiden, benammen yn 'e Alpen en oare toeristyske berchtmen winterdeis yn gebrûk as skypyste.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise en Literatur, op dizze side.