Alta

Wikimedia-betsjuttingsside

Alta (Samysk: Álaheadju) is in stêd en gemeente yn de provinsje Troms og Finnmark. Alta is benammen bekend om de rotskeunst fan Alta (eins fan Jiepmaluokta) dy't yn de rotsen fûn binne. De âldste ôfbyldingen binne mear as 7000 jier âld, de jongste binne fan it begjin fan ús jiertelling. De rotstekeningen steane op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO. Alta is yn de hjerst fan 1944 troch de Dútske Wehrmacht, by de operaasje Nordlicht, hast folslein mei de grûn lyk makke. Njonken de Alta tsjerke stiene noch mar in pear gebouwen oerein. Pas yn 1999 krige Alta stedsrjochten, om't de befolking yn de lêste jierren sterk groeid wie. De E6, de wichtichste sneldyk fan Noarwegen rint troch Alta. It fleanfjild Alta leit 3,5 km eastlik fan it sintrum fan de stêd, en hat bennammen ynlânske ferbiningen.
Yn Nederlân kent men Alta bennammen fan de natoeriisbaan Nornett stadion, dêr't earder reedrider Bart Veldkamp iismaster is.

Alta
Alta
Alta
Wapen
Polityk
Lân   Noarwegen
Provinsje Troms og Finnmark
Gemeente Alta
Sifers
Oerflak 3.849 km2
dêrfan lân 3.651 km2
dêrfan wetter 198 km2
Ynwennertal 21.144 (2022)
Befolkingstichtens 5 inw./km
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Offisjele webside
Offisjeel webstee
Kaart
Alta (Noarwegen)
Alta

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: