Ambachtsmûne (Alkmar)
De Ambachtsmûne oan 't Wuiver yn Oudorp (Alkmar) is in strykmûne út 1632.
Ambachtsmûne | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
plak | Alkmar | |
adres | 't Wuiver 23 | |
koördinaten | 52° 38'N 4° 46'E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | strykmûne | |
flecht | 24,14/24,40 m | |
boujier | 1632 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Mûnestifting Alkmar | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 7472 | |
Webside | ||
FB-side | ||
Kaart | ||
In strykmûne of boezemmûne mealt it wetter fan 'e iene yn 'e oare boezem. It is in poldermûne mei in tige lytse opfierhichte. By it drûchlizzen fan 'e Heerhugowaard koene de bedikers net foldwaande wetter útmealle op 'e Raaksmaatsboezem. Dêrom moasten de strykmûnen boud wurde op 'e skieding fan 'e Raaksmaats- en Skermerboezem om it oerstallige wetter fan 'e Raakmaatsboezem yn 'e 40 sm heger steande Skermer te meallen.
Seis strykmûnen stiene oan 'e Molenkade yn Oudorp (hjoed-de-dei in wyk fan Alkmar), fjouwer efter Oudorp en fjouwer by Rustenburg. Fan dy fjirtjin strykmûnen binne der acht oerbleaun. De mûnen hiene oarspronklik allegear in skeprêd, dy't yn 'e 19e iuw troch in koarte en brede skroef ferfongen waard. Yn 1941 ferlearen de strykmûnen harren funksje mei't de Raaksmaatsboezem mei de Skermerboezem ferbûn waard.
Twa fan 'e fjouwer strykmûnen efter Oudorp wiene fan 'e polder Heerhugowaard en twa fan 'e polder Geestermerambacht. De earste twa mûnen waarden mei in F en in G oantsjut, wylst de oare twa gjin spesifike oantsjutting hiene. Fan dy fjouwer mûnen bestiet noch mar ien mûne, dy't hjoed-de-dei de Ambachtsmûne neamd wurdt.
Skiednis
bewurkje seksjeDe mûne waard yn 1632 foar it Geetmerambacht boud en hat in flecht fan 24,14/24,40 m. Yn 1941 waard de mûne mei de oare strykmûnen yn 'e omjouwing bûten bedriuw steld. De mûne tsjinne sûnt allinne noch as wente.
De Ambachstmûne hat in iken, reiddutsen achtkant en stiet op in lege, 2 m hege foet mei swarttarre potdeksele planken.
Yn 'e jierren 2004-2005 folge in restauraasje en sûnt is de Ambachtsmûne wer draaifeardich, mar (noch) sûnder binnenwurk.
Oant 1958 hie de mûne in houten haspelwjukkekrús en in as fan getten izer. Yn dat jier waarden nije, laske roeden stutsen dy't út ien lingte bestiene. De laske roeden binne yn 2023 ferfongen troch roeden dy't klonken binne.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|