Amelia (Amy) van Marken (Hilfertsom, 21 juny 1912 - Amsterdam, 15 juny 1995) wie in Nederlânsk letterkundige en literêr oersetter, en in grut kenner fan de Skandinavyske literatuer.

Amy van Marken
Eks-libris fan Amy van Marken
Eks-libris fan Amy van Marken
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 21 juny 1912
berteplak Hilfertsom
stoarn 15 juny 1995
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
berop/amt Heechlearaar
aktyf as Oersetter, publisist
offisjele webside
DBNL-profyl Van Marken

Hoewol't se doe noch net promovearre wie, krige se yn 1956 in fêste oanstelling as lektor Skandinavyske talen oan de Ryksuniversiteit Grins (RUG).

Yn 1970 promovearre hja mei in proefskrift oer de frouljusfigueren yn it wurk fan de Noarske skriuwer Knut Hamsun en yn 1975 folge har beneaming ta heechlearaar Skandinavyske taal- en letterkunde.

Van Marken stie yn 1970 oan de basis fan it Arktysk Sintrum fan de RUG.

Der is in fertaalpriis nei Van Marken ferneamd, dy't sûnt 2006 ien kear yn de twa jier útrikt wurdt.

Yn 2010 ferskynde de biografy Mijn vak werd mijn leven, skreaun troch Petra Broomans en Janke Klok, twa eardere studinten fan Van Marken. It earste eksemplaar waard op 19 novimber 2010 útrikt oan Paula Stevens, dy't de Amy van Marken-fertaalpriis yn 2010 ûntfong.

Publikaasjes fan Van Marken (in kar)

bewurkje seksje
  • Amy van Marken: Knut Hamsun en de vrouwenfiguren in zijn werk. Proefskrift Gint, 1970. Gjin ISBN
  • Amy van Marken: Studentenleven in de Scandinavische letterkunde. Grins, Wolters, 1956. Ynaugurele rede Grins.
  • Thor Heyerdahl: De Kon-Tiki expeditie. 8000 kilometer per vlot over de Grote Oceaan. Autorisearre fert. út it Noarsk fan Amy van Marken. Amsterdam, Scheltens & Van Giltay, 1949. Werprinte: ûnder mear 2007, ISBN 978-90-77895-11-5

Publikaasjes oer Van Marken

bewurkje seksje

Keppelingen om utens

bewurkje seksje