Ana Mena Rojas (Estepona, 25 febrewaris 1997) is in Spaansk popsjongster en aktrise. Se begûn har karriêre yn 2009 yn de telefyzjerige Marisol, la película. Yn 2010 die se mei oan Disney's muzikale realityshow My Camp Rock 2, wêrby 't se as winneres einige.

Ana Mena Rojas
sjonger en/of muzikant
Ana Mena yn 2020
Ana Mena yn 2020
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ana Mena Rojas
nasjonaliteit Spaansk
berne 25 febrewaris 1997
berteplak Estepona, (Spanje)
wurkpaad
sjenre Popmuzyk
sjongtaal ferskaat
jierren aktyf 2006 – no
offisjele webside
anamenamusic.com
N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Ana. De earste efternamme (fan heitekant) is Mena, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Rojas. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Mena of oars Mena Rojas brûkt wurde.

Mena har muzikale karriêre begûn yn 2016, doe 't se har debútsingle "No Soy Como Tó Crees" útbrocht. Mena hat sûnt dy tiid mei in soad bekende artysten gearwurke, dêr't Becky G, CNCO en Lali Espósito ûnder wiene. Yn 2018 brocht se har debút studio-album út.

Yn 2018 waard se populêr yn Italië mei it nûmer D' estate non vale mei Fred De Palma. It ûnferwachte italjaanske sukses wie in game changer yn har karriêre. Sûnt dy tiid wist se sawol yn Italië as yn Spanje mear as ien simmerhits ôf te leverjen en waard se ien fan de meast beharke Spaanske artysten fan it streamingtiidrek.

Neffens har platemaatskippij hat se yn 2022 36 platina en 3 gouden platen ferkocht, benammen yn Italië en Spanje.

Telefyzjerollen
Jier Titel Rol Notysjes
2009 Marisol, la película Pepi Tf film
2010 Supercharly Verónica Navarro 5 ôfleveringen
2010 My Camp Rock. Harsels Winner
2013, 2017 'Tu cara me suena Abraham Mateo Gastoptreden (seizoen 3, ôflevering 9)
2013-2014 Vive cantando Paula Ruiz Almagro Weromkearende rol
2021 Bienvenidos a Edén TPD Netflix (8 ôfleveringen)
Filmrollen
Jier Titel Rol
2011 The Skin I Live In. Norma Ledgard (bern)
2018 Viaje al cuarto de una madre Bea
album
  • Index (2018)

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: