Anatoli Martsjenko
Anatoli Tichonovitsj Martsjenko (Russysk: Анатолий Тихонович Марченко) (Barabinsk, Oblast Novosibirsk, Oekraïne), 23 jannewaris 1938 - Tsjistopol, 8 desimber 1986) wie in dissidint yn de Sovjet-Uny.
Anatoli Martsjenko | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Anatoli Tichonovitsj Martsjenko | |
nasjonaliteit | Sovjet | |
berne | 23 jannewaris 1938 | |
berteplak | Barabinsk | |
stoarn | 8 desimber 1986 | |
stjerplak | Tsjistopol | |
wurkpaad | ||
reden bekendheid |
dissidint |
Biografy
bewurkje seksjeSûnt 1975 wie er lid fan in groep dy't stribbe nei it neilibjen fan de rjochten fan de minske, sa't dy formulearre waarden yn it slotakkoard fan Organisaasje foar Feilichheid en Gearwurking yn Europa.
Martsjenko waard mear as ien keat fêstset en brocht mistannen yn de wurkkampen en finzenissen yn de Sovjet-Uny oan it ljocht.
Dat makke him fertochte yn de eagen fan de Sovjet-autoriteiten en hy waard feroardiele fanwege anti-Sovjetagitaasje en propaganda. Nei goed 20 jier yn de finzenis, stoar er lang om let yn de finzenis fan Tsjistopol oan de gefolgen fan in hongerstaking.
Underskieding
bewurkje seksjeHy krige 1988 postúm as earste, tagelyk mei Nelson Mandela, de Sacharovpriis foar de Frijheid fan Tinken fan it Europeesk Parlemint.
Bibliografy
bewurkje seksje- (ned) 1976 (oarspr.) Van Taroesa naar Tsjoena, ISBN 978-9028203648
- (in) 1989 To Live Like Everyone, ISBN 978-0805008982
- (in) 1989 My Testimony, ISBN 978-0340417249
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |