Sacharovpriis
De Sacharovpriis foar de frijheid fan tinken is in ûnderskieding dy't sûnt 1988 alle jierren útrikt wurdt troch it Europeesk Parlemint foar in bysûndere prestaasje op ien fan de neifolgjende mêden:
- it hoedzjen fan de rjochten en fundamintele frijheden fan de minske, benammen fan de frijheid fan mieningsutering,
- it hoedzjen fan de rjochten fan minderheden,
- earbiedigjen fan it folkerjocht,
- ûntjouwing fan de demokrasy en hanthavenjen fan de rjochtssteat.[1]
De priis is neamd nei de Russyske atoomlearde en dissidint Andrej Sacharov, dy't yn de Sovjet-Uny pleite foar frijheid fan mieningsuting.
Om 10 desimber hinne wurdt de priis fan EUR 50.000 troch it Europeesk Parlemint útrikt op in plechtige sitting yn Straatsburg. Op dy datum waard yn 1948 de Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske ûndertekene.
List fan winners fan de Sacharovpriis
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Europeesk Parlemint, Sacharovpriis
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|