Tuneezje
| |||||
Offisjele taal | Arabysk | ||||
Haadstêd | Tunis | ||||
Steatsfoarm | republyk | ||||
Gebiet % wetter |
163.610 km² -% | ||||
Ynwenners (2004) | 9.932.400 | ||||
Munt | Tunesyske dinar (TUD) | ||||
Tiidsône | UTC +2 | ||||
Nasjonale feestdei | 20 maart | ||||
Lânkoade | TUN | ||||
Ynternet | .tn | ||||
Tillefoan | 216 |
Tuneezje (Arabysk: تونس), sûnt 1957 (in jier nei de ûnôfhinklikheid) offisjeel de Republyk Tuneezje, is in lân yn Noard-Afrika. It heart ta de Magriblannen, dêr't ek Marokko, Mauritaanje, Algerije en Lybje ta rekkene wurde. De haadstêd is Tunis.
Geografy
bewurkje seksjeLizzing
bewurkje seksjeTuneezje wurdt begrinzge troch:
- de Middellânske See yn it noarden en easten;
- Algerije yn it westen;
- Lybje yn it suden.
Lânskip
bewurkje seksjeYn it noarden fan Tuneezje leit it Tell-Atlas berchtme oant 1200 meter hichte. Nei it suden ta giet dizze oer yn de Medcherda-flakte dêr't lânbou gebieten lizzen. Noch fierders nei it suden leit de oant 1500 meter hichte rikkende Sintraal Tunesyske berchrêge, dy't de grins foarmet fan it fochtige Middellânske Seeklimaat. Foarby dizze grins lizze skrokke steppen en woastyneftige gebieten.
Skiednis
bewurkje seksjeTuneezje waard al ier yn de skiednis bewenne troch Berberstammen. Om-ende-by 10e iuw f.Kr. arrivearren de Foenysjers dy't oan de kuststripe hannelskoloanjes stiften. Ien fan dizze koloanjes is Kartago dat him yn de 6e iuw f.Kr. ûntwikkele ta in ekonomyske grutmacht yn de westlike omkriten fan de Midlânske See. Yn de 2e iuw f.Kr. waard dizze hegemony bestriden troch de Romeinen. Dizze striid waard troch de Romeinen wûn, dy't de posysje fan de Kartagers oernimme.
Yn de 5e iuw hienen de Fandalen it yn Tuneezje foar it sizzen, yn de 6e iuw waard dizze rôl oernommen troch Byzantinen en op it ein fan de 7e iuw kaam it gebiet yn hannen fan de Islamityske Arabieren. Yn it tiidrek dat dêr opfolget hawwe opienfolgjende Moslim dynastyen de macht, ûnderbrutsen troch Berber opstannen. It bewâld fan de Aghlabids (9e iuw) en dat fan de Zirids (sûnt 972), wie hiel foarspoedich, mar einiget lykwols troch de oermastering en ferwoastingen troch Banu Hilal fanút Egypte.
Yn de 12e iuw wie it kustgebiet koart yn besit fan de Normandjers fan Sisylje en hienen de Almohad caliphs fan Marokko de binnenlannen yn hannen. Healwei de 13e iuw oant en mei 1574 hawwe de Berbyske Hafsiede it yn Tuneezje foar it sizzen. Op it ein fan harren bewâld falle ferskate kuststêden yn hannen fan de Spanjerts. Dizze besetting doarre mar even omdat Tuneezje oermastere waard troch it Ottomaanske Ryk. Under de Ottomanen regearre de Hussein-dynasty fan Beys. Yn 1881 makket Frankryk fan Tuneezje in prokuraat. De Frânsken bliuwe dêr oant en mei de ûnôfhinklikens yn 1956.
Demografy
bewurkje seksjeBefolking
bewurkje seksjeDe befolking bestiet etnysk sjoen foar it grutste part út Berbers. De measten binne dat lykwols net bewust en beskôge harsels as Arabieren. Yn de rin fan de skiednis hawwe in soad ferskate folken it grûnbesit fan Tuneezje beset hâlden en spoaren efterlitten, ûnder oaren Foenysjers, Romeinen en Fandalen.
Religy
bewurkje seksjeTuneezje is fral in Islamitysk lân. Yn de grûnwet is bepaald dat de steatsgodstsjinst de islam is en dat allinnich in islamyt presidint fan it lân wurde kin. Goed 98% fan de befolking is islamitysk en sûnt de oprjochting yn 1969 is Tuneezje lid fan de Organisaasje fan de Islamityske Konferinsje (OIC).
Fierders wennet der yn it lân in minderheid fan kristenen (1% fan de befolking) en joaden (minder as 1 % fan de befolking). Wennen der yn 1972 om-ende-by 25.000, anno 2007 wienen dêrfan noch mar 1500.
Sawol it kristendom as it Joadendom hawwe in lange skiednis yn Tuneezje.
Ekonomy
bewurkje seksjeBYP per persoan is $7.400 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 11,6% lânbou, 25,7% yndustry en 62,8% tsjinsten. Yn 2007 wie Frankryk de wichtichste eksportpartner en de wichtichste ymportpartner. Der is in diverse ekonomy mei in soad toerisme, lânbou en produksje sektoaren.