De Dames yn it Wyt (Spaansk: Damas de Blanco) is in losse gearwurkingsgroep fan froulju yn Kuba, waans mannen en soannen foar de frijheid fan mieningsutering en persfrijheid opkamen en om reden dêrfan fêstset waarden troch it Kubaansk rezjym.

Dames yn it Wyt demonstrearje yn Havana

De Dames yn it Wyt kamen maitiid 2004 foar it earst yn aksje, in jier nei de Swarte Maitiid fan 2003, doe't 75 dissidinten oppakt waarden. Dy earste kear wie it in spontane aksje, dy't sûnt alle sneinen werhelle wurdt. De demonstranten hawwe wite klean oan, lykas ek de Healwize Memmen út de jierren '70 yn Argentynje. De kleur wyt is ek foar dizze froulju it symboal fan ûnskuld en suverens. Lykas by de Healwize Memmen binne de demonstraasjes fan de Dames yn it Wyt bedoeld om ynformaasje fan it rezjym los te krijen oer harren miste mannen en bern.[1]

De demonstraasjes wurde alle sneinen nei de tsjinst yn de Santa Rita-tsjerke holden, wêrnei't in kuiertocht mei blommen yn de hân makke wurdt oer de Quinta Avenida en roppen wurdt om it frijlitten fan de neisten.[1]

Op Palmsnein 20 maart 2004 waarden Dames yn it Wyt lestich fallen troch leden fan de Federaasje fan Kubaanske froulju dy't nei it regear oarhingje. Sy waarden misledige en guon froulju waarden molestearre.[1]

Underskieding

bewurkje seksje

yn 2005 ûntfongen de Dames yn it Wyt, de Nigeriaanske Hauwa Ibrahim en de organisaasje Ferslachjouwers Sûnder Grinzen meiïnoar de Sacharovpriis foar de Frijheid fan Tinken fan it Europeesk Parlemint. De Sacharovpriis is ornearre foar persoanen en organisaasjes dy't harren wije oan de beskerming fan de rjochten en fundamintele frijheden fan de minske. De priis waard de froulju takend om reden fan harren moed en tawijing oan de saak fan de minskerjochten op Kuba en moast tagelyk ek it lot fan de 75 politike dissidinten dy't sûnt maart 2003 finzen holden wurde, allinne fanwege harren krityk op it brek oan politike frijheid yn it lân. te binnen bringe.[1]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 (ned) Europeesk Parlemint (2005) Sacharovpriis 2005