Novosibirsk (oblast)

(Trochferwiisd fan Oblast Novosibirsk)

Novosibirsk (Russysk: Новосибирская область, Novosibirskaja oblast) is in oblast fan Ruslân. De haadstêd Novosibirsk leit 3.191 km fan Moskou.

Novosibirsk oblast

Новосибирская область

flagge wapen
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Ruslân
federaal distrikt Sibearje
ekonomyske regio West-Sibearje
haadplak Novosibirsk
grutste plak Novosibirsk
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (88,74%), Dútsers (1,16%)
Tataren (0,91%), Oekraïners (0,83%)
(stân: 2010)
sifers
ynwennertal 2.780.292 (2022)
oerflak 177.756 km²
befolkingstichtens 15,64 ynw. / km²
oar
stifting 28 septimber 1938
tiidsône UTC+7 (MSK+4))
koördinaten 55° 27' N 79° 33' E
webside www.adm.nso.ru

It gebiet leit yn it súdeastlike diel fan it Westsibearyske Leechlân tusken de Ob en de Irtysj. De oblast grinzget oan de oblasten Tomsk (noarden), Kemerovo (easten), de kraj Altaj (suden), oan de lângrins fan Kazachstan (súdwesten) en oan de oblast Omsk (west).

Foar it measte is it lânskip fan de oblast flak. Allinne de súdeastlike steppes hawwe wat mear reliëf. It noardlike diel bestiet út bosk. De oblast is ryk oan marren, wêrfan't de grutste marren yn it suden lizze. De grutste mar is de Tsjanymar, dy't troch de oanlis fan keunstmjittige eilannen en damen foar in diel opdrûge is. Oare marren binne de Sartlanmar en de Ubinskojemar. De rivieren yn de krite rinne nei de Ob.

De oblast waard op 28 septimber 1938 oprjochte.

De befolking is foar mear as 90% Russysk. Dústers, Tataren en Oekraïners binne etnyske minderheden yn de oblast, mar dy wurde yn oantal lytser. Dêrfoaroer hawwe in soad minsken út de Transkaukaazje en Sintraal-Aazje harren yn de oblast nei wenjen set.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Ynwenners 1.588.000 1.863.000 2.299.000 2.505.000 2.618.000 2.782.000 2.692.300 2.780.292

Bestjoerlike yndieling en stêden

bewurkje seksje

Haadstêd is Novosibirsk. De stêd is ek it bestjoerlike sintrum fan it Federaal Distrikt Sibearje. Njonken Novosibirsk binne Berdsk, Iskitim, Kûibysjev en Barabinsk de grutste stêden.

De oblast is ûnderferdield yn 30 rajons en 5 stedsdistrikten. Meiïnoar binne der 14 stêden en 17 plakken mei in stedsk karakter.

 
Stasjon Novosibirsk
Grutte stêden
Stêd Namme Wapen Ynwenners Lokaasje
Novosibirsk Новосибирск 1.621.330 (2022)   55° 01' N 82° 55' E
Berdsk Бердск 103.544 (2022)   54° 45' N 83° 06' E
Iskitim Искитим 55.433 (2022)   54° 38' N 83° 18' E
Kûibysjev Куйбышев 43.195 (2022)   55° 27' N 78° 18' E
Barabinsk Барабинск 28.546 (2022)   55° 21' N 78° 21' E

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Nowosibirsk


Dielgebieten fan Ruslân  
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
  ·   ·