Andamanenpappegaaido

De Andamanenpappegaaido (Treron chloropterus) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

Andamanenpappegaaido
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron chloropterus
Blyth, 1845
IUCN-status: gefoelich

De Andamanenpappegaaido is in middelgrutte griene do fan 27 sm, dy't heart by de seis soarten fan 'e saneamde Pompadour-groep, dy't earder as ien soarte behannele waard.

De mantsjes fan dy Pompadour-dowesoarten hawwe allegear in readbrune rêch (grien by it wyfke), swarte wjukfearren mei giele rânen en in grize râne op 'e sturt.

De groubekpappegaaido (Treron curvirostra) ferskilt fan dy dowesoarten, mei't dy in grouwere snaffel hat mei in reade basis en in dúdlike ljochtgriene eachring.

Fersprieding

bewurkje seksje

De soarte komt op 'e Andamanen en Nikobaren foar. De do libbet yn grienbliuwende wâlden en oan 'e rânen dêrfan en yt figen en oar fruit.

Undersoarten

bewurkje seksje

De Andamanenpappegaaido wurdt as monotypysk behannele, mar op basis fan it ferspriedingsgebiet binne der nei alle gedachten teminsten twa ûndersoarten (Andamanen en Nikobaren). Om 't de oare eilannen yn it ferspriedingsgebiet op grutte ôfstân fan inoar lizze, bestiet de kâns dat der noch mear ûndersoarten binne.[1]

De do hat in relatyf beheind ferspriedingsgebiet en der is in soad ûnwissens oer de populaasje. Oannommen wurdt dat de soarte fan biotoopferlies, mar fral fan 'e jacht te lijen hat en yn oantal efterút giet. De Ynternasjonale Uny fan Natoerbeskerming IUCN klassifisearre de soarte dêrfandinne as gefoelich ('hast bedrige').

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: