André Marie Constant Duméril

(Trochferwiisd fan André Duméril)

André Marie Constant Duméril (Amiens, 1 jannewaris 1774Parys, 14 augustus 1860) wie in Frânsk foaroansteand biolooch en anatoom, dy't ek wurksum wie as publisist en heechlearaar. Hy lei him benammen ta op 'e stúdzjes fan 'e herpetology, de ichtyology en de entomology, wêrby't syn wurk benammen fan belang wie op it mêd fan 'e klassifikaasje fan soarten en hegere taksons. Duméril moat net betize wurde mei syn soan Auguste Duméril, dy't ek soölooch wie.

André Marie Constant Duméril
persoanlike bysûnderheden
echte namme André Marie Constant Duméril
nasjonaliteit Frânsk
berne 1 jannewaris 1774
berteplak Amiens (Frankryk)
stoarn 14 augustus 1860
stjerplak Parys (Frankryk)
etnisiteit Frânsk
wurkpaad
berop/amt biolooch, anatoom
aktyf as herpetolooch, ichtyolooch,
entomolooch, soölooch,
publisist, heechlearaar
jierren aktyf 17921860
bekendste
  wurk(en)
Zoologie Analytique
L'Erpétologie Générale
prizen Légion d'Honneur 1860

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Duméril waard yn 1774 berne yn 'e Noardfrânske stêd Amiens. Mei njoggentjin jier behelle er yn 1792 in doktoraat yn 'e anatomy oan 'e Medyske Skoalle fan Rouen. Yn 1800 sette er him nei wenjen yn Parys, dêr't er mei de ferneamde biolooch Georges Cuvier gearwurke by it gearstallen fan dy syn lessen yn 'e ferlykjende anatomy. Dêrnjonken waard er oansteld as de pleatsferfanger fan Cuvier oan 'e Sintrale Skoalle fan it Panthéon, en teffens foar Cuvier syn kollega Alexandre Brongniart.

Karriêre bewurkje seksje

Yn 1801 joech Duméril les oan 'e Medyske Skoalle fan Parys, en datselde jiers noch waard er oansteld as heechlearaar yn 'e anatomy oan it Nasjonaal Natoerhistoarysk Museum. Dy posysje beklaaide er oant 1812, doe't er by dyselde ynstelling heechlearaar herpetology en ichtyology waard (hoewol't er pas yn 1825 offisjeel yn dy learstoel befêstige waard).

Yn 1806 publisearre Duméril syn Zoologie Analytique, wêryn't er it hiele bisteryk besloech en de ûnderlinge relaasjes oantoande tusken de ferskate subgroepen sa't dy doe ûnderskaat waarden. Under de Restauraasje waard er keazen ta lid fan 'e Frânske Akademy fan Wittenskippen. Nicolaus Michael Oppel assistearre Duméril by it gearstallen fan in reorganisaasje fan 'e hegere subgroepen fan 'e taksonomy, wylst Duméril yn 1832 oan Gabriel Bibron de opdracht joech om foar in útwreide ferzje fan 'e Zoologie Analytique ek de relaasje tusken de ferskillende bistesoarten te beskriuwen. Oppel stoar lykwols yn 1820, en nei de dea fan Bibron, yn 1848, ferfong Duméril him troch syn eigen soan, Auguste, oan te nimmen. De publikaasje fan 'e op 'e nije besjoene Zoologie Analytique waard troch it weifallen fan Bibron lykwols tsien jier opholden.

Underwilens wie Duméril yn 1834 úteinset mei publikaasje fan 'e njoggen dielen fan it tige wichtige L'Erpétologie Générale, ou Histoire Naturelle Complète des Reptiles, wêryn't er fan 1.393 ûnderskate soarten reptilen in detaillearre beskriuwing joech, ynkl. harren anatomy, fysiology en de byhearrende bibliografy. Dêrby moat wol oantekene wurde dat Duméril de amfibyen as in subgroep fan 'e reptilen behold, nettsjinsteande it wurk fan Alexandre Brongniart en Pierre André Latreille, dat soks tsjinspriek, wylst er op dit mêd ek de nije ûntdekkings fan Karl Ernst von Baer en Johannes Peter Müller njonken him dellei.

Tegearre mei syn soan brocht Duméril yn 1851 de Catalogue Méthodique de la Collection des Reptiles út, hoewol't de jongere Duméril dêrfoar nei't it skynt fierwei it measte wurk fersette. Yn 1853 publisearre de âldere Duméril allinnich it Prodrome de la Classification des Reptiles Ophidiens. Yn dat sân dielen beslaande wurk stelde er in nije klassifikaasje foar alle slangen út. Teffens wie it Duméril, dy't nei de ûntdekking fan in kistefol preservearre fiske-eksimplaren op 'e souder fan it hûs fan Georges-Louis Leclerc, greve fan Buffon, einlings en te'n lêsten in wittenskiplike beskriuwing fan dy bisten opstelde, nei't se hast santich jier earder sammele wiene troch Philibert Commerson.

Njonken syn belangstelling foar reptilen, amfibyen en fisken, hie Duméril ek syn hiele libben lang in grutte ynteresse yn ynsekten. Op it mêd fan 'e entomology publisearre er dan ek ferskate wichtige wurken, wêrûnder it twadielige Entomologie Analytique, út 1860. Fierders ûntwurp er mei syn soan Auguste it earste fivarium foar reptilen yn 'e ferneamde Paryske botanyske tún Jardin des Plantes. Oars as guon biologen út syn tiid beskôge Duméril waarnimmings fan it hâlden en dragen fan libbene eksimplaren altyd fan taksonomysk belang.

Ferstjerren bewurkje seksje

Fanôf 1853 begûn Duméril syn wurk stadichoan oer te dragen oan syn soan. Yn 1857 gie er yn namme mei pinsjoen, hoewol't er ek neitiid noch aktyf bleau en nije publikaasjes útbrocht. In pear moanne foar syn dea waard er foar syn fertsjinsten yn 'e wittenskip beneamd ta kommandeur yn it Légion d'Honneur. Duméril ferstoar yn 1860 yn Parys, yn 'e âlderdom fan 86 jier.

Wurk (in kar) bewurkje seksje

  • 1806 – Zoologie Analytique
  • 1834-1854 – L'Erpétologie Générale, ou Histoire Naturelle Complète des Reptiles (9 dielen)
  • 1851 – Catalogue Méthodique de la Collection des Reptiles (mei Auguste Duméril)
  • 1853 – Prodrome de la Classification des Reptiles Ophidiens (7 dielen)
  • 1860 – Entomologie Analytique (2 dielen)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.