Andréastsjerke (Garyp)

De Andréastsjerke oan 'e Greate Buorren wie foarhinne de tsjerke fan 'e Garypster Grifformearde tsjerke en is hjoeddedei ien fan 'e twa tsjerken fan 'e Protestanske gemeente Garyp.

Andréastsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel
plak Garyp
adres Greate Buorren 2
koördinaten 53° 10' N 5° 58' E
Arsjitektuer
arsjitekt G. Steen, Ljouwert
boujier 1962
Webside
PKN-gemeente Garyp
Kaart
Andréastsjerke (Fryslân)
Andréastsjerke

Yn 1889 ferliet in grutte groep lidmaten de Herfoarme tsjerke fan Garyp, om't hja harren langer net ferienigje koene mei de frijsinnigens yn 'e Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. Hja stiften yn Garyp in eigen gemeente en sletten har oan by de tsjerke fan 'e doleânsje. Op 19 juny fan itselde jier lei dûmny J. Wisse de earste stien foar in eigen tsjerke.

 
Van Dam-oargel

De tsjerke waard yn 1906 fergrutte en in folgjende ferbouwing folge yn 1932. Troch de útwreidings rekken de ferhâldings fan 'e tsjerke, dêr't no plak wie foar 700 minsken, út balâns. Ek waard de tsjerke yn 'e rin fan 'e tiid brekfalliger en wiene it minne plafond fierstente leech en de flierren oan ein. In restauraasje fan it gebou soe neffens de arsjitekt tefolle kostje en dus waard der oan it ein fan 'e jierren 1950 keazen foar folsleine nijbou. De kosten waarden op fl. 225.000 rûsd.

De nije tsjerke waard op 20 desimber 1962 yn gebrûk nommen. Yn ferlikening mei de âlde tsjerke wie it dak trije meter en de toer fiif meter heger. It tal plakken naam oant 742 ta en koe noch útwreide wurde ta 800. Healwei de jierren 1970 waard achter de tsjerke de kosterwente ôfbrutsen om plak te meitsjen foar de bou fan mear romten.[1]

De tsjerke hat in oargel út 1898 fan de firma Van Dam út Ljouwert. It oargel waard troch de tiid hinne meardere kearen feroare. By de lêste restauraasje yn 2000 waard it ynstrumint troch Jan Jongepier en Mense Ruiter safolle mooglik werom brocht yn de âlde sitewaasje.[2]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] Garyp in foto's en ansichten
  2. [2] ORGELkrant 2000/12