Petrustsjerke (Garyp)

De Petrustsjerke is de eardere herfoarme tsjerke fan Garyp en tsjintwurdich yn fan de twa tsjerken dy't de protestanske gemeente fan it doarp ryk is.

Petrustsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel
plak Garyp
adres Tsjerkepaed 18
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1838
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 35650
offisjele webside
Side PKN Garyp

Skiednis bewurkje seksje

 
Gevelstien

De tsjintwurdige tsjerke ferfong in midsiuwske tsjerke, dy't nei in stoarm yn 1834 net mear renovearre wurde koe. Oan de tsjerke hat sûnt de bou yn de jierren 1834-1838 fierder gjin feroaring mear plakfûn.

Yn 1887 keazen dûmny J. Wisse en de tsjerkeried foar de tsjerke-oarder fan 1619 en dêrmei waard Garyp in dolearjende gemeente. It rjochtsinnige Garyp loek lykwols oan it koartste ein oer it behâld fan de tsjerke en moasten nei in rjochtsaak it gebou ôfstean en in eigen tsjerke bouwe.

Sûnt 1993 foarmen de Garypster grifformearden en herfoarmen in Samen-op-Weg-gemeente, dy't yn 2004 oergyng yn in federaasje. Sûnt 2004 foarmje de eardere herfoarme en grifformearde gemeente ien PKN-gemeente.

Ynterieur bewurkje seksje

Tsjin it 19e iuwske gebrûk yn krige de preekstoel út 1782 yn de nijbou in plak oan de súdlike muorre. Op de hoeken fan de kânsel binne foluten mei blêddekoraasjes oanbrocht. It foarpaneel is in wapen oanbrocht mei de wurden H.P. van Sminia 1782. De panelen ûnder oan de kûp binne fersierd mei palmtakjes.[1]

Fan de twa hearebanken stamt ien út 1672. In grutte koperen kroanluchter is 18e iuwsk.

 
Bakker en Timmenga-oargel

It mechanyske oerwurk waard yn 1953 troch de klokkenjitterij Van Bergen út Midwolda makke. Yn de toer fan de tsjerke hinget in klok út 1628 mei in diameter fan 105 sintimeter.[2]

Oargel bewurkje seksje

It ienmanualige oargel waard yn 1886 boud troch Bakker & Timmenga. Deselde oargelmakkerij fierde ek yn 2003-2004 in restauraasje fan it ynstrumint út. It is ien fan de lêste ambachtlike oargels dy't folslein fan Fryske makkelei is[3]

Krusen bewurkje seksje

Op it hôf binne trije smei-izeren krusen mei herten út 1702, 1704 en 1705.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Friese Preekstoelen, S. ten Hoeve
  2. Rijksmonumenten.nl
  3. Frysk Deiblêd, 07.03.2003