Andrew Sachs
Andrew Sachs, berne as Andreas Siegfried Sachs (Berlyn, 7 april 1930 – Londen, 23 novimber 2016), wie in Dútsk-Britsk akteur en komyk fan Joadsk en Eastenryksk komôf.
Andrew Sachs | ||
akteur | ||
Andrew Sachs yn 2004 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Andreas Siegfried Sachs | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 7 april 1930 | |
berteplak | Berlyn | |
stoarn | 23 novimber 2016 | |
stjerplak | Londen | |
etnisiteit | Dútsk | |
jierren aktyf | 1959-2016 |
Libben
bewurkje seksjeSachs waard berne yn Dútslân as soan fan Katharina (berne Schrott-Fiecht), in roomske bibletekaresse dy't fan heal-Eastenrykske ôfstamming wie, en Hans Emil Sachs, in Joadske fersekeringsman. Doe't er acht jier wie ferhuze er mei syn âlden nei Ingelân om te ontkomen aan de Joadefergolging door de nazy's. Sy setten har' nei wenjen yn Noard-London en Andrew wenne de rest fan syn libben yn de wyk Kilburn fan Londen.
Hy spile rollen op radio, telefyzje en yn it teäter. Sachs waard ferneamd fan syn rol as Manuel, de Spaanske ober út de telefyzjerige Fawlty Towers, dy't him in BAFTA-nominaasje oplevere. Hy wurke de lêste jierren fan syn karriêre meast as ferteller yn dokumintêres op radio en telefyzje.
Sachs wie boaske oan Melody Lang. Yn de rige Fawlty Towers spile se yn de ôflevering Basil the Rat de rol fan frou Taylor.
Sachs krige yn 2012 de diagnose faskulêre demintens. Dêrtroch koe er op in stuit net mear prate en bedarre er yn in rolstoel. Hy stoar yn de âldens fan 86 jier yn in ferpleechhûs yn Northwood, Londen.
Filmografy
bewurkje seksjeIn kar:
- The Night We Dropped a Clanger (1959)
- Nothing Barred (1961)
- Hitler: The Last Ten Days (1973)
- Frightmare (1974)
- Romance with a Double Bass (1974)
- Robin Hood Junior (1975)
- What's Up Nurse! (1977)
- Are You Being Served? (1977)
- Revenge of the Pink Panther (1978)
- History of the World, Part I (1981)
- Nowhere in Africa (2001)
- Coronation Street (2009)
- Run For Your Wife (2012)
- Quartet (2012)
Boek
bewurkje seksje- 2015, I Know Nothing! The Autobiography, The Robson Press, ISBN 978-1849-5490-04
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Andrew Sachs fan Wikimedia Commons. |