Andries Noppert
Andries Noppert (It Hearrenfean, 7 april 1994) is in Frysk proffuotballer dy't spilet by SC It Hearrenfean.
Andries Noppert | ||
Noppert (2023) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme | Andries Noppert | |
bynamme | Tower fan De Jouwer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 7 april 1994 | |
berteplak | It Hearrenfean | |
etnisiteit | Frysk | |
klupskiednis | ||
posysje | Doelman | |
jeugdteams | ||
-2005 2005-2014 |
SC Joure SC It Hearrenfean | |
profesjonele feriening(s) seizoen klup wedstr.(goals) | ||
2013-2014 2014-2018 2018-2019 2019-2020 2021-2022 2022- |
SC It Hearrenfean NAC Breda Foggia FC Dordrecht Go Ahead Eagles SC It Hearrenfean |
0(0) 6(0) 8(0) 2(0) 15(0) 13(0) |
nasjonaal team | ||
2022- | Nederlân | 5(0) |
Karriêre
bewurkje seksjeNoppert debutearre op 22 april 2016 yn it betelle fuotbal, doe't hy it mei NAC Breda thús opnaam tsjin Almere City FC (1-1). Hy krige dy gelegenheid omdat de reguliere earste doelman Jelle ten Rouwelaar fanwegen famylje-omstannichheden ôfwêzich wie. Syn debút folge in moanne nei't NAC him witte liet dat it syn kontrakt net ferlinge en hy nei it seizoen fuort moast. Noppert krige yn juny 2016 dochs noch in nij kontrakt oant mids 2018. Dit nei't Ten Rouwelaar ophold mei fuotbaljen en keeperstrainer waard by NAC. Ten Rouwelaar fersocht de klup Noppert bliuwe te litten. In trochbraak bleau likegoed út. NAC liet Noppert yn jannewaris 2018 dêrom transferfrij fuort gean nei de Italjaanske fuotbalklup Foggia. Yn septimber 2019 sleat hy oan by de seleksje fan FC Dordrecht. Op 1 july 2020 einige it kontrakt by FC Dordrecht en siet Noppert sûnder klup. Op 22 jannewaris 2021 tekene hy in kontrakt oant ein seizoen 2021-2022 by Go Ahead Eagles. Noppert gie dernei transverfrij nei It Hearrenfean. Ek op It Hearrenfean is Noppert de fêste man ûnder de latte.
Op 11 novimber 2022 waard Noppert troch bûnscoach Louis van Gaal definityf taheakke oan de seleksje fan it Nederlânske alvetal foar it WK fuotbal 2022 yn Katar. Op 21 novimber makke Noppert syn debút as doelman fan it Nederlânske alvetal.