Anna Drijver
Anna Drijver (De Haach, 1 oktober 1983) is in Nederlânsk aktrise en model.
Anna Drijver | ||
akteur | ||
Anna Drijver foto: Roy van Ingen | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1 oktober 1983 | |
berteplak | De Haach | |
jierren aktyf | 2004 - no | |
offisjele webside | ||
Webstee Anna Drijver |
Biografy
bewurkje seksjeDrijver hat it gymnasium dien, studearre yn 2008 ôf oan de De Teaterskoalle (Amsterdam) en docht sûnt har 14e modellewurk. Sy wie te sjen yn Goede tijden, slechte tijden, hie in haadrol yn de BNN-telefyzjerige Bitches en hie rollen yn de films Flirt en Het Schnitzelparadijs (2005) en in haadrol yn de film Bride Flight, dêr't hja goede kritiken foar krige (2008).
Fan 2009 sette sy in rol del yn de tv-rige De Co-assistent en yn de film Komt een vrouw bij de dokter, basearre op it boek mei deselde namme fan Kluun. Yn 2009 is sy Sita yn telefilm Stella's oorlog. Yn 2010 spile sy yn de minyrige Bellicher; de Macht van meneer Miller de rol fan Kirsten en yn de Nederlânske remake fan de Flaamske film Loft wie sy Ann Marai.
Anna Drijver docht ek toaniel, Buitengewoon Binnen (regy: Job Raaijmakers), yn it stik Uitgedokterd (KIK productions, regy: Bruun Kuyt) en yn 90 Minuten (regy: Ola Mafaalani). yn 2010 wie sy te sjen yn De vloer op en letter dat jier yn de foarstelling Niet zo bedoeld (Bellevue, regy en tekst: Benja Bruijning). Anna is yn 2010 ambassadeur wurden foar de Ubuntu Theatre Organisation.[1] Teffens kaam yn 2010 it liet 'Wat Doe Je Dapper' út, songen troch har en Diggy Dex. 2010 kaam Anna Drijver har earste roman út, 'Je Blijft'.
Yn 2011 wie se ien fan de kandidaten fan Wie is de Mol? Sy foel ôf yn ôflevering 8. Letter dat jier krige sy de Gouden Notekraker foar de meast opfallende, artistike as wol smaakmeitsjende televisie-útering fan it seizoen.
Yn 2012 spile Drijver de rol fan Susan, de freondinne fan Charlie Babbitt, yn it toanielstik Rain Man (toanielbewurking fan De Utrechtse Spelen; rezjy: Jos Thie), basearre op de film mei deselde namme.
Drijver hat in ferhâlding mei akteur Benja Bruijning. Yn har frije tiid mei sy graach oan klassyk ballet dwaan.
Filmografy
bewurkje seksje- Feestje! (2004) ... Studint
- Flirt (2005) ... Studint
- Gadjé (2005) ... Sophie
- Impasse (2005) ... Sophie
- Het schnitzelparadijs (2005) ... Famke
- Bride Flight (2008) ... Esther
- Stella's oorlog (2009) ... Sita
- Komt een vrouw bij de dokter (2009) ... Roos
- Stella's oorlog (2009) ... Sita
- Loft (2010) ... Ann Marai
- Bellicher; de Macht van meneer Miller (2010) ... Kirsten
- Wie is de mol (2011) ... ...
- Tony Tien (2011) ... Wanda
- Levenslied (2011) ... Betty de Waal
- Tony 10 (2012) ... Wanda
- Freddy, leven in de brouwerij (2013, telefyzjerige)
- Smoorverliefd (2013)
- Der zweite Mann (2014)
- Der Bankraub (2015)
- De Expeditie van Familie Vos (2020) Marieke
- De Gelaarsde Kat 2: De Laatste Wens (2022) Kitty Poezelpootje, stim
- Het geheugenspel (2023) Eva Ruttenberg
Boek
bewurkje seksje- Je blijft - roman, 2010
- Ei (2014) Nijgh & Van Ditmar ISBN 9789038898582
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |