Ola Mafaalani
Ola Mafaalani (Syrje, 1968) is in Nederlânsk toanielregisseur fan Syrysk-Arabysk etnysk komôf. Hja waard berne yn Syrje, groeide op yn Dútslân en wennet en wurket sûnt 1992 yn Nederlân. Mafaalani hat hûsregisseur west by ferskate grutte Nederlânske toanielselsskippen. Dêr hat se û.m. klassikers op 'e planken brocht, lykas ferskate stikken fan Shakespeare. Hja stiet fierders ek bekend om har engazjearre koarte foarstellings. Fan 2009 oant 2017 wie Mafaalani artistyk lieder (direkteur) fan it Noardnederlânsk Toaniel (NNT), yn Grins.
Ola Mafaalani | ||
regisseur en/of produsint | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ola Mafaalani | |
nasjonaliteit | Syrysk Dútsk Nederlânsk | |
berne | 1968 | |
berteplak | ? (Syrje) | |
etnisiteit | Syrysk-Arabysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | toanielregisseur | |
jierren aktyf | 1995 – no | |
prizen | Erik Vos-priis 2000, Proscenium Priis 2016 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeMafaalani waard yn 1968 yn Syrje berne, mar groeide op yn Dútslân, dêr't har âlden yn 1970 mei har en har âldere suster hinne emigrearren. Hja studearre yn Bochum film- en tillefyzjewittenskippen, germanistyk, anglistyk en politikology, en rûne har oplieding ôf mei in stúdzje teäterwittenskippen oan 'e Universiteit fan Amsterdam. Yn 1992 sette hja har foargoed nei wenjen yn Nederlân.
Karriêre
bewurkje seksjeMafaalani sette har karriêre yn 1995 útein by it Grand Theatre yn Grins, mei de produksje Harige Machines. Nei noch twa foarstellings yn Grins regisearre se stikken fan Shakespeare yn Brussel, by de Keninklike Flaamske Skouboarch (Macbeth), en yn Keulen, by it Kölner Spielhaus (Othello), en it stik Wings of Desire, fan Wim Wenders en Peter Handke by it American Repertory Theatre yn Cambridge (Massachusetts).
Yn 2002 waard Mafaalani de fêste regisseur fan Toanielgroep Amsterdam, dêr't se njonken de foarstelling Hemel boven Berlijn noch twa Shakespeare-stikken op 'e planken brocht: De Keapman fan Feneesje en Romeo en Julia. Per 1 jannewaris 2009 kearde Mafaalani werom nei Grins, dêr't se yn 'e tsjinst kaam by it Noardnederlânsk Toaniel (NNT), dat ien fan 'e fjouwer grutte toanielselskippen fan Nederlân is. Hja waard dêr behalven regisseur ek artistyk lieder (direkteur).
By it NNT iepene Mafaalani mei in folslein eigen ferzje fan 'e trageedzje Medéa, fan 'e Aldgrykske toanielskriuwer Euripides. Dêrnjonken regissearre hja by it NNT û.m. ek La Divina Commedia fan Dante Alighieri; Elf Minuten fan Paul Coelho; Hamlet fan William Shakespeare; Fellini, in foarstelling oer libben en wurken fan filmmakker Federico Fellini; en De Laatkomer fan Dimitri Verhulst. Op it stuit wurket se oan in nije foarstelling foar 2016, dy't toanielbewurking wurde moat fan 'e populêre Deenske tillefyzjerige Borgen.
Njonken har grutte stikken makket Mafaalani ek engazjearre koarte foarstellings, wêrmei't se besiket ûngerjochtichheden yn 'e hjoeddeiske maatskippij oan 'e kaak te stellen. Sa hat se teäter makke oer eastlik Grinslân, it earmste diel fan Nederlân, mar ek oer lju dy't op jierren rekke binne, oer de polityk, de wittenskip en prostitúsje. Yn 2015 fertelde se yn in fraachpetear dat se tige yn noed sit oer it politike en maatskiplike klimaat yn Nederlân yn ferbân mei de flechtlingekrisis.
Priveelibben
bewurkje seksjeMafaalani wennet yn Grins en is troud mei de Nederlânske akteur en toanielskriuwer Ko van den Bosch. Hja hawwe tegearre ien bern, harren soan Sammie.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|