Ruhr-universiteit
De Ruhr-universiteit fan Bochum (Dútsk: Ruhr-Universität Bochum; ôfkoarting: RUB) is in grutte universiteit yn it Dútske stedsdistrikt Bochum yn de dielsteat Noardryn-Westfalen dy't om krekt te wêzen op de súdlike hichten fan it sintrale Ruhrgebiet boud is. De universiteit waard oprjochte yn 1962 en is de earste nije iepenbiere universiteit yn Dútslân nei de Twadde Wrâldoarloch. Yn 1965 begûn it eigentlike ûnderwiis.
Ruhr-universiteit | ||
Logo sûnt 2009 | ||
Namme | ||
Ofkoarting | RUB | |
Ynternasjonale namme | Ruhr-Universität Bochum | |
Latynske namme | ||
Biedwurd | menschlich – weltoffen – leistungsstark | |
Lokaasje | ||
Lân | Dútslân | |
Plak | Bochum | |
Oare bysûnderheden | ||
Oprjochting | 1962 | |
Rektor | Axel Schölmerich | |
Tal studinten | 43.004 (2015) | |
Tal meiwurkers | 5.637 (2014) | |
Netwurken | Utrecht Network, UAMR (Universiteitsalliantie Metropolis Ruhr), DAAD, Deutsche Forschungsgemeinschaft | |
Offisjele webside | ||
www.ruhr-uni-bochum.de |
De Universiteit fan Bochum wie ien fan de earste universiteiten yn Dútslân dy't ynternasjonale Bachelor- en Masterdiploma's oanbea. De gebouwen fan de Ruhr-universiteit binne allegear byinoar brocht op ien kampus, útsein de fakulteit Genêskunde dy't ek in pear sikehuzen yn Bochum en it Ruhrgebiet ta foldwaan hat.
De universiteit hat fierder in botanyske tún mei dêr anneks oan in Sineeske tún en it Hegel-argyf, de argiven fan de Dútske filosoof Georg Wilhelm Friedrich Hegel.
Fakulteiten
bewurkje seksjeDe universiteit hat tweintich fakulteiten[1]:
- Fakulteit Protestantske Teology
- Fakulteit Katolike Teology
- Fakulteit Filosofy, Underwiiskunde en Sjoernalistyk
- Fakulteit Skiednis
- Fakulteit Filology
- Fakulteit Rjochtsgeleardheid
- Fakulteit Ekonomyske wittenskippen
- Fakulteit Sosjale wittenskippen
- Fakulteit East-Aziatyske Stúdzjes
- Fakulteit Sportwittenskippen
- Fakulteit Psychology
- Fakulteit Burgerlijke ingenieurswetenschappen
- Fakulteit Werktuigkundige ingenieurswetenschappen
- Fakulteit Elektrotechnyske yngenieurswittenskippen en Ynformaasjewittenskippen
- Fakulteit Wiskunde
- Fakulteit Fysika en Astronomy
- Fakulteit Ierdwittenskippen
- Fakulteit Gemy en Biogemy
- Fakulteit Biology en Biotechnology
- Fakulteit Genêskunde
Oare
bewurkje seksje- ECUE - Jeropeeske Kultuer en Ekonomy (Ingelsktalich ûnderrjocht)
- Interdisiplinêr Sintrum foar Foardere Materiaalsimulaasje (ICAMS)
-
Ruhr-Universiteit fan boppe
-
Haadyngong
-
Gebou N (Natuerwittenskippen)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ruhr-Universiteit Bochum fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |