Anna Maria Catharina Buma

Anna Maria Catharina Buma (Ljouwert, 13 oktober 1889 - Ljouwert, 9 juny 1963) wie in dichteresse út Ljouwert.

Yn 1911 troude se mei jhr. Joan Quarles van Ufford, dy 't oant syn dea yn 1915 boargemaster fan Warkum wie. Sy wenne sûnt de tritiger jierren fan de 20e iuw oan de Grutte Tsjerkestrjitte nr.9 ( letter in museumrestaurant ). Troude yn 1936 mei har twadde man, Ljouwerter gemeenteargivaris Adrianus van der Minne.

Anna Buma wie ien fan de pear froulju dy't aktyf wiene de Fryske Beweging. Sy kaam troch de Jongfriezen ta it Frysk, foar 1911 publisearre se Nederlânske fersen, ûnder oare yn De Gids. Joech Fryske les en sette har yn foar Grutfryske kongressen dêr't kontakten fan East-Friezen út Aldenboarch en Noardfriezen út Sleeswyk-Holstein ferstevige waarden.

Yn har hûs wienen geregeldwei gearkomsten fan Fryske skriuwers en yntellektuelen. Doe't hja ûnder ynfloed kaam fan de NSB, krige it selskip ek hege Dútske besite - fan ûnder oaren de archeologen Herman Wirth en Arend Lang - dy't de Fryske yntellektuele elite foar it nasjonaal-sosjalistyske karke besocht te spannen.

Se leit begroeven op it famyljebegrafplak fan de Buma's yn Weidum.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: